Iistiid
In Iistiid of glasiaasje is in geologysk tiidrek mei iiskapen. Omdat der gletsjers lizze op bygelyks Grienlân of Antarktika, libje wy op dit stuit ek yn in iistiid. Mei it algemiene begryp iistiid wurdt meastentiids in langer tiidrek yn de geologyske skiednis oantsjutte dêr't iiskapen har útwreiden hawwe nei gebieten yn de gematigde sône of noch súdliker. Yn de hiele skiednis fan de ierde hat dat yn alle gefallen fiif kear it gefal west, dêr't ienkear fan sa bot dat de iiskappen fan de poalen oant de evener útstrekt wienen.
De oarsaak dat iistiden foarkomme is kompleks en diversk. Meastentiids kin stelt wurde dat de lizzing fan de kontininten, de gearstalling fan de atmosfear en astronomyske fariaasjes de wichtichste faktoaren binne. Mar per iistiidfak binne de omstannigens oars en kinne soms spesifike oarsaken oanwiisd wurde.
[bewurkje seksje] Keppelings om Utens
|
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen. |
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |