Oseaan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ferhâlding lân-oseaan-iis
de oseanen

De oseaan (komt fan it Grykske Oceanus) hâldt yn in min ofte mear selsstannige wrâldsee tusken de kontininten yn , en kin meardere (lytsere) seeën befetsje.

De oseanen en seeën nimme om-ende-by 2/3 fan it oerflak fan de ierde yn, wylst it lân mar 1/3 bestrykt.

Sûnt de grinzen fan de Súdlike Oseaan fêstlein binne troch de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje yn 2004, wurde der fiif oseanen ûnderskieden (yn folchoarder fan grutte):

  • De Grutte of Stille Oseaan (eartiids Stille Súdsee neamd) (Ingels: Pacific Ocean) - Begrinze troch (mei wizers mei fan it noarden ôf) de Arktyske Oseaan, de westkust fan Noard- en Súd-Amearika, de Atlantyske, Súdlike en Yndyske Oseanen, de east- en noardeastkust fan Austraalje, de Yndonesyske arsjipel en de eastkust fan Aazje. Oerflakte: 155.557.000 fjouwerkante kilometer. De foarnaamste eilânnekloften yn de Grutte Oseaan binne Polyneezje, Melaneezje en Mikroneezje. By it eilân Guam leit de djipste trôch fan de wrâld; de Marianentrôch.
  • De Atlantyske Oseaan - Begrinze troch de Arktyske Oseaan, de west- en súdkust fan Jeropa, de noard- en westkust fan Afrika, de Yndyske, Súdlike en Grutte Oseanen en de eastkust fan Súd- en Noard-Amearika. Oerflakte: 76.762.000 fjouwerkante kilometer.
  • De Yndyske Oseaan - Begrinze troch de súdkust fan Aazje, de Yndonesyske arsjipel, de west- en súdkust fan Austraalje, de Grutte, Súdlike en Atlantyske Oseanen en de eastkust fan Afrika. Oerflakte: 68.556.000 fjouwerkante kilometer.
  • De Súdlike Oseaan - Oan de iene kant begrinze troch de kust fan Antarktika en oan de oare kant troch de Atlantyske, Yndyske en Grutte Oseanen. De grins mei dizze oseanen leit op 60° suderbreedte. Oerflakte: 20.327.000 fjouwerkante kilometer.
  • De Noardlike Iissee (ek Arktyske Oseaan neamd) - Begrinze troch de Atlantyske Oseaan, de noardkust fan Noard-Amearika, de Grutte Oseaan en de noardkust fan Aazje en Jeropa. Oerflakte: 14.056.000 fjouwerkante kilometer.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]