Wrâldsee

Ut Wikipedy
de wrâldseeën

In wrâldsee of oseaan is in tige grutte hoemannigte sâlt wetter bûten it kontinintaal plat, as dat wetter mei dêrby de seeën dy't dermei yn iepen ferbining steane. De wrâldsee wurdt ek wol brûkt foar alle wrâldseeën tegearre, dy't ommers allegear ferbûn binne. De wrâldsee nimt likernôch 2/3 fan de ierde yn, wylst de wrâlddielen meielkoar 1/3 part foarmje.

Der binne fiif wrâldseeën, nei grutte: de Stille Oseaan, de Atlantyske Oseaan de Yndyske Oseaan, de Súdlike Oseaan en de Arktyske Oseaan. Sûnt 2004 is 60° suderbreedte fêststeld as de noardgrins fan de Súdlike Oseaan. Dêrmei stiet no fêst dat allinnich de Artyske Oseaan gjin ferbining hat mei de Yndyske Oseaan of de Súdlike Oseaan; oars is eltse oseaan mei in oare oseaan ferbûn.