Georgia

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of Georgia
Vlag van Georgia Zegel van Georgia
Map of USA highlighting Georgia.png
Ofkoarting GE
Haadstêd Atlanta
Tiidsône -5
Algemien
Oerflakte 154.077 km2
Befolking 8.829.383 (yn 2000)
Oare ynformaasje
Tatreden 2 jannewaris 1788
Oantal countys 159
Atlanta

Georgia is ien fan de steaten fan de Feriene Steaten. De standertôfkoarting foar de "The Peach State" ("pjisksteat"), sa't de bynamme is, is GA. De haadstêd is Atlanta.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn it tiidrek foar de koloanisaasje troch de Jeropeanen waard it gebiet dat no bekend stiet as Georgia, troch Yndianenstammen befolke sa as de Cherokee. De earste Jeropeaan dy't dêr terjochte kaam wie mooglik de Spanjert Juan Ponce de León. Yn 1526 besocht Lucas Vasquez de Ayllon yn Georgia in koloanje te stiftsjen. Nei alle gedachten wie dat op wat no St. Catherine's Island hjit. De Spaanske ûntdekkingsreizgers dy't dêrnei kamen lieten in spoar fan ferwoasting nei. Yn de 18e ieu hienen de Ingelsken, nettsjintsteande de Spaanske hearskippij oer it oangrinzjende Florida, lykwols Georgia fêst yn hannen.

Yn 1724 krige de steat har namme út eare foar de Ingelske kening fan doe George. Op 1 febrewaris 1733 kamen de earste kolonisten oan dy't de stêd Savannah stiftsje soene.

Georgia wie de súdlikste fan de trettjin koloanjes dy't yn opstân kamen tsjin de Britske oerhearsking. Op 2 jannewaris 1788, waard Georgia formeel, as 4e, in steat fan de Feriene Steaten.

Yn de Amerikaanske Boargeroarloch keas de steat de side fan de Konfederaasje.

Yn de 20e ieu spile rasisme en segregaasje in wichtige rol yn Georgia.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

De steat Georgia is 154.077 km² grut, wêrfan 150.132 km² lân. De steat leit yn de Eastern-tiidzone.

Georgia leit oan de Atlantyske Oseaan. Yn it noarden grinzet it oan de steaten Tennessee en North Carolina, yn it westen oan Alabama, yn it noardeasten oan Súd Karolina en yn it suden oan Florida.

It noardwesten heart by de berchrige de Appalachen; de rest fan de steat is frij flak. It heechste punt fan de steat is de top fan Brasstown Bald (1458 m). De wichtigste rivier is de Savannah, dy't by de stêd mei de selde namme yn de Atlantyske Oseaan útmûnet

Demografy en ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2000 hie Georgia 8.186.453 ynwenners (53 per km²) en bedroech it bruto produkt fan de steat sa'n 275 miljard dollar.

Haadstêd Atlanta is fierwei de grutste stêd fan de steat. Oare stêden binne Savannah, Macon, Columbus en Augusta.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Georgia is ferdield yn 159 county's (gemeenten).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]