Sikehûs

Ut Wikipedy
De Tsjongerskâns op It Hearrenfean

In sikehûs of hospitaal is in sintrum dêr't profesjoniele genêskundige soarch ferliend wurdt troch dokters en ferpleechkundigen oan pasjinten. In lytseftich sikehûs hjit in klinyk. In sikehúske op in skip of yn in finzenis wurdt de sikeboech neamd. Men kin yn it sikehûs terjochte foar help by ferwûnings oprûn troch ûngelokken of geweld. De beane soarch bestiet út EHBO yn 'e polyklinyk, langere fersoarging op sikesealen, intensive care foar minsken wa har libben gefaar rint en operaasjes ferrjochte yn spesjaal ynrjochte operaasjekeamers. As de soarch net driuwend is, komt men ornaris yn it sikehûs telâne nei in trochferwizing foar in spesifike behanneling troch de húsdokter.

Eartiids[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste sikehuzen ûntstienen yn de midsiuwen as ûnderdiel fan in religieuske mienskip lykas in kleaster. Dat is noch te sjen oan de beneaming fan it ferpleegjend personiel: 'suster' of 'broeder' en yn de namme fan guon sikenhuzen: "Wilhelmina gasthûs" en "St. Jans gasthûs". Letter gongen sikehuzen diel útmeitsjen fan universiteiten dêr't les jûn waard yn genêskunde, de saneamde "Akademyske sikehuzen". Inkele âlde nammen binne bewarre: gasthûs, ho(spitaal) oare nammen binne ferwdûn: leproazehûs, pest- of dolhûs. De lêste trije wienen mear om te isolearjen of te ferplegen, net ynearsten om te genêzen. Spesjalistys- medyske behanneling bestie doe net.

In protte lokale sikehuzen binne yn de 20e iuw ûntstien fanút de needsaak yn in streek om in sikehûs te hawwen. Dat binne faak stiftingen, dy't noch altiten foar in lyts part finansierd wurde út jeften.

Tsjintwurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de striid om de kosten fan de sûnenssoarch te behearskjen, wurdt besocht sikehuzen as in bedriuw te runnen, sikehuzen moatte harren besteansrjocht bewize. Tsjinstridich is dat de soarchplicht foar in sikehûs bestean bliuwt, wylst saken as finansiering, fersekeringen, wachtlisten en polityk in wichtige rol spylje. In wichtige stap nei "merkwurking yn de soarch" is de ynfiering fan de DBC-systematyk.

Spesjalisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon algemiene sikehuzen binne spesjalisearre yn bepaalde soarch. Dizze spesjalisaasje is nuttich omdat dêrtroch de nedige kennis en ynfesteringen op ien plak bondele binne.

Sikehuzen yn Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plak Sikehûs Bysûnderheden
Dokkum De Sionsberg [1]
Drachten Nij Smellinghe [2]
Harns Sikehûs De Batting [3]
It Hearrenfean De Tsjongerskâns [4]
It Hearrenfean Holystaete ( Selsstannich Behandelsintrum Klinyk ) [5]
Ljouwert Medysk Sintrum Ljouwert [6]
Snits Antonius Sikehûs [7]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]