Dokkum
|
|||||
![]() |
|||||
| Gemeente | Dongeradiel | ||||
| Ynwennertal (2009) | 13.145 | ||||
| Webstee | Webstee Dokkum | ||||
Dokkum is de noardlikste en eastlikste fan de Fryske stêden. Dokkum is it haadplak fan de gemeente Dongeradiel. Yn Dokkum wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk praat.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Foar de oarsprong fan de namme Dokkum binne ferskate ferklearrings. Guon tinke in kombinaasje en gearlûking fan de Fryske manljusnamme 'Docko' dy't hjir in hiem hân hawwe soe. Oaren assosjearje Dokkum mei 'Tockingen', dat is in 'delsetting oan in tocht of stream'.
Om Dokkum hinne binne terpen mei prehistoaryske grêven, dat dy omkriten hawwe in lange skiednis fan bewenning. Yn de libbensbeskriuwing fan Bonifatius troch Willibald skreaun om 766 wurdt de namme fan Dokkum net fermelde. De twa generaasjes letter op skrift stelde Vita oer Bonifatius, neamd it ûnderwilens op de grêfhichte ûntstiene beafeartsoarde Dokkum wol "in loco qui Dockinga dictur". [1] Oare farianten binne ûnder mear 'Villa Nocdac' en 'Dockynchirica'.
Op it plak dêr't Bonifatius deadien wêze soe, waard om 760 hinne in oan him wijde tsjerke stifte dêr't Liudger en Willehad ek oan ferbûn west hawwe. De delsetting op in terp ûntwikkele him frijwat hurd troch syn geunstige lizzing oan in krusing fan in lânwei mei in see-earm. Ien fan de greeflike tollen kaam dêr te lizzen en de hartoggen fan Brunswyk joegen Dokkum rjocht fan muntslach yn de 11e ieu. Dizze munten binne werom fûn yn de Skandinavyske- en Baltyske lannen en sels op Yslân en yn de Ural oan ta. Yn de folle midsieuwen ûntjoech Dokkum him mei syn ynternasjonale hannelsbetrekkingen en merkefunksje ta in ûnôfhinklik plak, los fan de gritenij Dongeradiel. Yn 1298 krige Dokkum nei Starum, Harns en Drylts as fjirde stêd fan Fryslân stedsrjochten.
Earder, yn 1214, preke Olivier fan Keulen yn Dokkum de krústocht, dêr't dan ek Dokkumers oan meidien hawwe. Dizze skiednis wurdt troch in heale moanne op it wapen fan Dokkum yn oantinken hâlden.
Yn de Grutte Fryske Oarloch giet it Alliearde leger yn ûnder lieding fan Fokko Ukena op Dokkum oan (1418). Nei inkele skermutselingen mei de Skieringer ferdigeners jouwe dy har oer en is de stêd oermastere. Dokkum wurdt brânskatte en de stêd militêr ûnskealik makke.
It ierst bekende stedssegel fan Dokkum waard yn 1491 makke. It segel hat in ôfbyld fan de parochytsjerke wijd oan Sint Martinus. Inkele tsientallen jierren fierder yn de tiid wie Dokkum waakst ta in mienskip fan sa'n 1400 minsken [2][3]
Yn de Tachtichjierrige Oarloch tsjin Spanje wie Dokkum in belangrike pion yn de striid. Yn 1572 wie de stêd inkele oeren yn hannen fan de Geuzen. Dokkum waard dêrfoar swier bestraft mei de Dokkumer Fury. Nei 1579, doe't Dokkum him oansleat by de Uny fan Utert begûn in tiidrek fan rêst.
Yn eardere jierren lei de stêd yn iepen ferbining mei de see, it Dokkumer Grutdjip. Yn 1597 fêstige de Fryske Admiraliteit him yn Dokkum. Fan hjirút waarden alderlei saken foar de befeiliging fan de hannelsfeart en oarlochfiering mei Spanje op see regele. Dokkum wie fan grut strategysk belang, wat ek bliken die út de oanlis fan de stedswâlen yn de jierren 1581-1582.
Dochs bleau de Admiraliteit net lang yn Dokkum. Troch it tichtslykjen fan it Grutdjip moasten se yn 1644 it kantoar nei Harns ferpleatse. Yn 1729 waard de iepen ferbining mei de Lauwerssee definityf ôfsluten troch de oanlis fan de Dokkumer Nije Silen. Dizze ferfong teffens de âlde 16e ieuske seeslûs ûnder de Syl. Dokkum ûntjoech him hieltyd mear ta in op it lân oriïntearre stêd. Troch de hege kosten fan de oanlis fan de Strobosser Trekfeart yn de jierren 1654 - 1656 gie Dokkum fallyt. Dokkum stie en stiet yn de lokaale tradysje bekend as "Earm Dokkum".
Oant 1984 wie Dokkum ek in selsstannige gemeente. Troch in gearfoeging mei de gemeenten West- en East-Dongeradiel ûntstie de gemeente Dongeradiel.
Besuden Dokkum is in boarne, dy't troch oerlevering yn ferbân brocht wurdt mei (de dea fan) de Frankyske misjonaris Bonifatius yn 754 en dêrtroch in roomsk-katolyk beafeartsoarde wurden is.
Yn Dokkum begûn Fedde Sonnema syn distillearderij en likeurstokerij, tsjintwurdich noch altyd bekend fan Sonnema Bearenburch. It âlde fabrykje stiet noch altyd yn Dokkum. It pleintsje foar it eardere fabryk is nei Sonnema Sonnemapleintje neamd.
Yn de njoggentjinde ieu ûntstie in tanimmend romtegebrek yn Dokkum. Dit kaam troch de fêstingwâlen dy't groei nei bûten behinderen, yn it skoatsfjild fan de kanonnen op de bastions mocht nammentlik net boud wurde. Alle nijbou waard yn de binnenstêd opproppe, wat late ta it ferlies fan in soad histoaryske gebouwen. Gelokkich waard de binnenstêd fan Dokkum - as ien fan de earste plakken yn Nederlân - yn 1974 útroppen ta beskerme stedsgesicht. (Sjoch ek: Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân).
Foar de Twadde Wrâldoarloch stoppe der ek in trein yn Dokkum, it Dokkumer Lokaeltsje. De passasierstsjinst is al yn 1936 opheft, it frachtferfier earst healwei de santiger jierren, mar dochs is by mannich Dokkumer it Dokkumer lokaaltsje in bekend ding. Sa is der in kroech yn Dokkum mei de namme "Dokkumer lokaaltsje", en kinne in protte Dokkumers it liet oer it treintsje. Yn 2008 binne wer plannen makke foar it opnij oanlizzen fan dizze ferbining,
[bewurkje seksje] Dokkum (754-2004) 1250 jier
Omdat 754 de earste kear yn de skiednis is dat Dokkum neamd wurdt, is dat as stiftingsjier fan Dokkum keazen. Yn 2004 wie dat 1250 jier lyn, en fanwege dat jubileum wie 2004 foar Dokkum in jier fan feestlikheden. Under oaren mei de fjouwerjierlikse stêdsfeesten waard dat jier ekstra grut útpakt. Ek ferskynde in standertwurk oer de skiednis fan Dokkum: Skiednis fan Dokkum, hert fan noardlik Eastergoa.
[bewurkje seksje] It besjen wurdich
Ein 20e ieu is der in soad restaureard yn Dokkum. Mei jild fan de Jeropeeske Uny is de binnenstêd opnij fluorre en binne der ferskate keunstwurken oanbrocht. Ek partikulier is der in soad oan de stêd opknapt. Foarbylden dêrfan binne de Kofjebrânerij, dêr't no in restaurant yn sit en trepgevelhûs 'De Gouden Hân' oan de Fleismerk. Dokkumer spesjaliteit is Dockumer kofje.
- Stedhûs fan Dokkum, in gebou út 1610 dat letter noch útwreide en ferboud waard.
- Admiraliteitshûs, boud yn 1618 wie it plak dêr't de Fryske en Grinzer Admiraliteiten gear kamen en no in museum.
- Blokhûs, festiging foar de ferdigening fan de stêd. Foar it stedhûs oer steane op it plak fan it eardere Blokhûs trije 17e ieuske huzen. Tsjintwurdich sitte der winkels yn.
[bewurkje seksje] Waach
De Waach is boud yn 1754, presys 1000 jier nei de stifting fan Dokkum. It hat 4 ioanyske pilasters mei byldhoude stedswapens en in klokkoepel.
Op de gevel stiet noch altyd de tekst waekt en weeght. Dat yn ferbân mei de twaliddige funksje dy't it earder hie. Alderearst waard dêr de suvel woegen en as twadde wiene dêr soldaten legere.
Tsjintwurdich sit der in restaurant yn de waach.
[bewurkje seksje] Tsjerken
- Grutte of Sint-Martinustsjerke út de 16e ieu.
- Sint-Bonifatiustsjerke út 1871 nei ûntwerp fan Pierre Cuypers is ien fan de neogoatyske tsjerken yn Fryslân. De tsjerke hat in 47 meter hege toer. By de bou stoarte dizze toer yn, mar waard wer opboud.
[bewurkje seksje] Stedswâlen
Der binne fiif stedswâlen om Dokkum boud. Dizze stedswâlen steane bekend as bolwurken. Om dizze bolwurken lei wetter. De ienichste yngongen om yn Dokkum te kommen wienen fjouwer poarten: Hanspoarte, Healemoannepoarte, Wâldpoarte en de Ealsumerpoarte. Om 21.55 waarden klokken let as warskôging dat de poarten ticht giene. Minsken bûten Dokkum hienen dan noch fiif minuten de tiid om der yn te kommen. De bolwurken binne noch altyd goed te sjen omdat se noch yntakt binne. Ek no noch wurde om 21.55 yn Dokkum de klokken let om dy tradysje yn eare te hâlden. Op de bolwurken steane ek de mûnen Seldenrêst en De Hoop.
[bewurkje seksje] Wettertoer
De wettertoer fan Dokkum (1957) is ien fan de twa Fryske weropboumonuminten dy't yn 2007 troch de Rykstsjinst foar Argeology, Kultuerlânskip en Monuminten op de list fan ryksmonuminten út de weropbouperioade komd is.
Arsjitekt fan de toer is de Ljouwerter Jo Vegter. Boppe-yn de 37 meter hege toer soe destiids in restaurant komme mar dat is der nea fan kaam.
[bewurkje seksje] Mienskip
[bewurkje seksje] Ferienings
- Fryslân Teater - toaniel
[bewurkje seksje] Ferbinings
Dokkum hie yn it ferline in iepen ferbining nei see troch it Dokkumer Djip. Yn 1596 waard dêr dan ek de Fryske Admiraliteit oprjochte. Mar om 1645 hinne gie de Admiraliteit nei Harns, en Dokkum rûn tebek wat de seefeart oanbelanget, oant yn 1729 in dyk tsjin it gefaar fan de Lauwerssee oanlein waard dy't Dokkum hielendal fan de see ôfsluten.
Fan 1645 oant 1656 is de Strobosser Trekfeart groeven yn opdracht fan de stêd Dokkum om de ferbining mei Grins te ferbetterjen. Troch de hege kosten kaam Dokkum yn grutte finansjele problemen.
Tusken 1901 en 1936 hie Dokkum ek in ferbining mei Ljouwert oer it spoar. It stasjon fan it saneamde Dokkumer Lokaeltsje lei doedestiids tusken Dokkum en Ealsum. Ferskeidene strjittenammen ferwize noch nei dy tiid, sa as de Stasjonswei, Stasjonsstrjitte en By 't Stasjon. Hjir yn de buert leit no wol it busstasjon dêr't de bussen ôfsette nei Ljouwert, Drachten en Bûtenpost.
[bewurkje seksje] Yndieling
Yn it sintrum fan Dokkum is de âlde binnenstêd, hiel dúdlik te werkennen oan de Bolwurken dy't noch hielendal rûnom bewarre bleaun binne.
Dokkum hat him yn de 20e ieu oan alle siden bûten de bolwurken útwreide. Der binne tal fan wenwiken bykaam:
- Fonteinslânnen ( ten suden fan de binnenstêd )
- Jantsjessee polder (súdkant)
- Koailannen (súd-eastkant)
- It Fûgellân (eastkant)
- Weeshúslannen (noardkant)
- Huoddemakkerspolder (súdwestkant)
- Wâldhoarne (westkant)
Fierders binne der ek noch twa yndustryterreinen:
- Hegediken (eastkant, noard fan de Trekfeart)
- Betterwurd (westkant)
[bewurkje seksje] De Trije Terpen (nijbouwyk)
Súdwestlik fan Dokkum wurdt de nijbouwyk De Trije Terpen oanlein. Dy wyk krijt 220 nijbouwwenten. Yn de wyk komt in farieard wenningoanbod. De wyk sil yn trije fazes boud wurde. Yn 'e midden komt in wyksintrum. De wyk grinzet oan Suderskâns (Zuiderschans), in winkel- en bedriuwegebiet, en de Wâldhorne (Woudhorne).
[bewurkje seksje] Underwiis en Sûnenssoarch
Foarbylden fan ûnderwiis- en sûnenssoarchynstellingen yn Dokkum binne:
- Underwiis lykas it Dockingakolleezje en Piter Jelles
- It lytste sikehûs fan Nederlân: De Sionsberch
[bewurkje seksje] Berne yn Dokkum
- Gemma Frisius (8 desimber 1508), wittenskipper
- Jacobus Knol (30 maart 1936), Frysk skriuwer
- Rein Jan Hoekstra (25 novimber 1941), jurist, lid fan de Rie fan State
- Jan Posthuma (11 juny 1963) follybalynternational
- Syb van der Ploeg (15 juny 1966), sjonger fan De Kast
- Ruben van Gogh (1967), dichter
- Sipke Jan Bousema (15 augustus 1976), presintator
- Dewi Pechler (9 septimber 1983), sjongster
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn Dokkum.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Bouwurken
-
Gevelstien Brêgewachtershûs Suderbolwurk 51
-
Kollumer Fearhûs Keppelstrjitte 40
[bewurkje seksje] Bylden
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
