Fulda

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fulda
Stadtpfarrkirche Fulda.JPG
Sifers
Ynwennertal 64.249 (2011)
Oerflak 104,04 km²
Befolkingstichtens 617 / km²
Hichte 261 m
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Hessen
Landkreis Fulda
Boargemaster Gerhard Möller (CDU)
Oar
Stifting 744
Postkoade 36001–36043
Tiidsône CET (UTC+1)
*Simmertiid (UTC+2)
Webside www.fulda.de


Fulda is in stêd yn it easten fan de Dútse dielsteat Hessen oan de rivier de Fulda tusken de bergen Vogelsberg en Rhön.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Fulda ûntstie yn 744 by it fanwege Bonifatius troch Sturmius stichte benediktiner kleaster. De bysetting fan de ûnder Dokkum deadiene biskop yn de abdij fan Fulda makke fan de stêd in wichtich beafeartplak. Yn dy snuorje waard ek de romaanske Michaelstsjerke (818-822) set, ien fan de âldste tsjerken yn Dútslân. Bonifatius' reliken wurde bewarre yn de krypt ûnder de dom, dy't letter boud is.

Fulda rekke swier skansearre ûnder de Tritichjierrige Oarloch, mar yn de 18e ieu belibbe de stêd in nije bloeitiid, dy't de stêd fan no har barokke foarkommen joech. De dom (1704-1712) datearret út dat tiidrek, lykas ek it stedspaleis en de oranjery. Yn dy tiid hie Fulda ek in universiteit, dy't oant 1805 bestien hat. It prinsbisdom Fulda waard yn 1803 sekularisearre ta foarstendom en oan Willem Frederik fan Oranje-Nassau (de lettere kening Willem I) tawiisd, mar waard him al yn 1806 wer ôfnaam. Yn 1866 waard it anneksearre troch Prusen.

Under Fulda rint in east-west korridor fan leechlân tusken de Hohe Rhön en it Knüllberchtme: de Fulda Gap ('gat van Fulda'). Napoleon erkende it strategysk belang fan de korridôr al, mar yn de Kâlde Kriich waard it belang aktueel om reden fan it tichtby lizzende Izeren Gerdyn. Troch de korridor koe it Warsjaupakt nei Frankfurt optsjen, of koe de NAFO nei de súdlike East-Dútske yndustrykriten. Dat beide, de NAFO en it Warsjaupakt hienen dêr sterke legerienheden.

Stedsdielen Fulda[bewurkje seksje | edit source]

  • Mittelrode
  • Niederrode
  • Niesig
  • Oberrode
  • Rodges
  • Sickels
  • Zell
  • Zirkenbach

Dielen fan de Kernstadt[bewurkje seksje | edit source]

  • Aschenberg
  • Frauenberg
  • Galerie
  • Horas
  • Innenstadt
  • Neuenberg
  • Nordend
  • Ostend
  • Südend
  • Westend
  • Ziehers Nord
  • Ziehers Süd

Stedsbyld[bewurkje seksje | edit source]


Berne yn Fulda[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Fulda en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.