Uny fan Utert (1579)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


De Uny's fan Utert en Atrecht

De Uny fan Utert is in op 23 jannewaris 1579 tekene oerienkomst tusken in tal Nederlânske goaën, dêr't yn oerienkaam waard dat jin mei-elkoar krewearje soene om de Spanjerts (ûnder it Hûs Habsburch) it lân út te jeien; fierders waarden ek in tam steatkundige saken regele op it mêd fan bygelyks definsje, belestingen en godstsjinst (sadat de regeling ek wol beskôge wurdt as in earste ferzje fan en lettere grûnwet. De uny wie in oanfolling op de saneamde 'Generale Uny' fan 1576 (de Pasifikaasje fan Gint), dêrom wurdt ek wol sprutsen fan de Nadere Unie.

De oarspronklike goaën dy't de oerienkomst ûndertekenen wiene: Gelre en Sutfen, Hollân, Seelân, Utert en de Grinzer Ommelannen. Letter sletten ek Gint, Nymwegen, Arnhim, Fryslân, Venlo, Amersfoart, Ieper, Antwerpen, Breda, Brugge en it Brugske Frije, Lier en Drinte har oan. De Brabânske stêden De Bosk en Leuven koene har der net by de Uny oanslute, om't sy yn Spaanske hannen wiene.

De Uny fan Utert wurdt beskôge as de basis fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, dy't earst troch Spanje erkend waard by it sluten fan it Tolvejierrich Bestân yn 1609.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]