Hearlikheid Fryslân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de midsieuwen
Fryske Ryk (6e ieu-734)
Fryske Frijheid (11e ieu-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsieuwen
Frisian flag.svg Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Flag ommelanden.gif Grinzer Ommelannen
Flag of East Frisia.svg East-Frysk Greefskip en Prinsdom (1464-1744)


Hjoed
West-Friesland vlag.svg West-Fryslân (gjin lid fan 'e Fryske rie)
Frisian flag.svg Westerlauwersk-Fryslân
Flag Groningen.png Grinslân (gjin lid fan 'e Fryske rie)
Flag of East Frisia.svg East-Fryslân
Nordfriesischeflagge.svg Noard-Fryslân

Hêarlikheid Fryslân is de beneaming dêr't it Fryske gewest mei oantsjutten wurdt yn it tiidrek tusken 1524 oant 1795. It ûntstie doe't Karel V de rjuchten oer Fryslân krige en einige mei de oprjochting fan de Bataafske Republyk. Fryslân waard yn dy tiid regearre troch steedhâlders.

De Hearlikheid Fryslân yn 1680.

Yn 1580 waard it grutste diel fan Fryslân opnommen yn de Uny fan Utert. It gewest waard doe oantsjutten as in "algemiene hearlikheid" oftewol "Heerlykhied Fryslân". Fanwege de ynterne ferdieldheden waard Fryslân as fiifde yn rang, dus nei Utert, yn it ferbûn opnommen.

De steaten fan Fryslân wienen gearstald út ôffurdigen fan de 11 stêden: Starum (1118), Harns (1243), Drylts (1268), Ljouwert (1285), Dokkum (1298), Boalsert (1331), Hylpen (1372), Frjentsjer (1374), Warkum (1399), Sleat (1426) en Snits (1456) en út de 30 gritenijen.

Fan 1580 ôf binne de steedhâlders altyd leden fan it Hûs Oranje-Nassau west. In feit dat de Oranjes letter brûkten as basis foar harren kleem op keningskip oer de Nederlannen, dat ek oer Fryslân.

Op 29 july 1585 stifte Willem Loadewyk yn Frjentsjer in universiteit foar (kalvinistyske) predikanten. Der waard foar Frjentsjer keazen sadat Ljouwert net te belangryk wurde soe. Yn 1645 waard de Fryske Admiraliteit fan Dokkum nei Harns ferpleatst.

Yn 1648 waard Fryslân net langer as hearlikheid sjoen en mei de frede fan Münster opdoekt ta in echt gewest fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Hearlikheid Fryslân – foto, fideo en harktriemmen