Yper

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Ieper")
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Ieper
Lakenhalle, Belfort en Sint-Maartenstsjerke
Lakenhalle, Belfort en Sint-Maartenstsjerke
Sifers
Ynwennertal 34.962 (2010)
Oerflak 130,61 km²
Befolkingstichtens 267/ km²
Polityk
Lân Belgje
Provinsje West-Flaanderen
Arrondissemint Ieper
Boargemaster Luc Dehaene
Oar
Koördinaten
Webside www.ieper.be
Lizzing gemeente en arrondisemint Ieper yn West-Flaanderen

Yper (Frânsk: Ypres) is in stêd en gemeente yn it súdwesten fan de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De stêd hat hast 35.000 ynwenners en is dêrmei de seisd grutste stêd fan West-Flaanderen. Yper is ek it sintrum fan it arrondissemint mei deselde namme en de grutste stêd yn de Westhoek. De bynamme fan Yper is 'de Kattestêd' of sûnt de besite fan paus Johannes Paulus II, 'Fredesstêd'. Earder waard sprutsen fan Ieperen. Yper leit yn de streek West-Flaamsk Hichtelân.

Kearnen[bewurkje seksje | edit source]

De gemeente Yper bestiet út olve dielgemeentes. Rûnom it stedssintrum lizze de dielgemeenten Boezinge, Brielen, Dikkebus, Elverdinge, Hollebeke, Sint-Jan, Vlamertinge, Voormezele, Zillebeke en Zuidschote. Yn Boezinge leit ek it buorskip Pilkem. Eastlik fan it stedssintrum lizze in tal buorskippen sa as Wieltje, Potyze en Verlorenhoek, yn Zuidschote leit it buorskip Lizerne en yn Voormezele Sint-Elooi.

# Namme Oerflak Befolking (31/12/2009)
I Yper (sintrum) 18,68 21.786
II Zillebeke 17,35 2.105
III Hollebeke 5,73 705
IV Voormezele 11,92 888
V Dikkebus 10,06 1.503
VI Vlamertinge 20,84 3.646
VII Brielen 5,73 879
VIII Elverdinge 13,97 1.791
IX Zuidschote 4,40 389
X
 
(XII)
Boezinge
- Boezinge
- Pilkem
18,24
 
 
2.534
 
 
XI Sint-Jan 4,48 923

Earste Wrâldkriich[bewurkje seksje | edit source]

Ferwoasting fan Yper

Salang't de Earste Wrâldkriich duorre hat, wie de stêd oan trije kanten omjûn fan Dútse troepen; de Britske ferdigeners neamden dy bôge yn it front de Ypres Salient. In fergelykbere situaasje bestie, fierder nei it súdeasten, by de Frânse stêd Verdun.

It slagge de Dútsers net de stêd te feroverjen. De Dútse kavalery hie - eardat de fjochterij om Yper hinne begûn - de stêd wol ynlûke en trochkrúze kinnen; in fjildtocht dy't mar inkelde dagen duorre. Nettsjinsteande in oantal grut opsette fjildslaggen, dy't 500.000 soldaten it libben koste, bleau Yper út hannen fan de Dútsers.

Earste Slach om Yper[bewurkje seksje | edit source]

Op 21 oktober 1914 begûn de Earste Slach om Yper. It 26e Dútse reservekorps stie tsjinoer Frânske en Britske troepen. Om seis oere foelen de Dútsers oan, mar rillegau ferlearen sy de striid. De Dútse soldaten besochten it letter noch twaris, mar it slagge harren net. Op 22 novimber 1914 besleat it Dútse Heechstekommando om it offensyf sitte te litten.

Twadde Slach om Yper[bewurkje seksje | edit source]

De Twadde Slach om Yper sette op 14 april 1915 útein om Hill 60. De Dútsers moasten it wer opnimme tsjin de Frânsen en de Britten. De slach is meast bekend wurden omdat dêr foar it earst gloorgas brûkt waard. De Dútsers setten it gifgas yn op 22 april 1915. Letter hawwe de Dútsers ek mostergas brûkt. It krige de namme yperyt omdat it foar it earst op grutte skaal by Yper ynset waard.

Tredde Slach om Yper[bewurkje seksje | edit source]

Op 31 july 1917 begûn de Tredde Slach om Yper. De Britske fjildmaarskalk sir Douglas Haig woe doe de Dútsers de deastek jaan. De slach sels waard striden op 10 novimber 1917. Dizze slach wurdt ek wol de Slach om Passendale neamd, nei it doarpke ûnder Zonnebeke. Dat doarp waard folslein ferwoastge.

Fjirde Slach om Yper[bewurkje seksje | edit source]

Op 18 maart 1918 wie de Fjirde en lêste Slach om Yper. Nei dy slach lei de stêd Yper hielendal yn pún. Op 28 septimber 1918 ferlieten de Dútsers Langemark. Goed seis wike letter, op 11 novimber 1918 om moarns alve oere wie de oarloch offisjeel dien.

Yper yn 1919

Nei de oarloch[bewurkje seksje | edit source]

Militêr begraafplak by Yper

De stêd Yper lei lykwols yn pún. Nei de kriich woene guonts te stêd net wer opbouwe, mar gewurde litte, as in tinkteken oan in ferskriklike oarloch. Dochs waard de stêd wol werombrocht yn de steat fan foar de oarloch, foar it meastepart mei Dúts jild, part fan de ôftwongen Wiedergutmachung. De weropbou duorre mear as fjirtich jier. Foar in protte minsken, benammen de Britten, is Yper it middelpunt fan de betinking fan de Earste Wrâldkriich. De fjilden om de stêd hinne lizze besiedde mei goed 170, goed fersoarge, begraafplakken.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: