Lânskip Drinte

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It Lânskip Drinte op in kaart út 1634

De Lânskip Drinte wie yn it ferline de namme fan wat no de provinsje Drinte is. Oarspronklik waard sprutsen fan in greefskip Drinte, letter behearde Drinte ta it wrâldsk besit fan de biskop fan Utert en waard it sjoen as in part fan it Oersticht. Neidat yn 1529 de wrâldske besittingen fan it prinsdom yn hannen kamen fan keizer Karel V waard Drinte oantsjut as it Lânskip Drinte.

Sa waard it nei de Nederlânske Opstân part fan de Republyk, mar waard yn dy republyk net foar fol oansjoen. It wie wol sa dat it net deselde (legere) status as de generaliteitslannen hie, mar it hie gjin stimrjocht yn de Uny. It gewest hie wol har eigen Steaten en behearde har eigen finânsjen. Meidat it gebiet doetiids foar it meastepart út heechfean bestie hie it gebiet mar in befolking fan likernôch 20.000 ynwenners. De drost fan Drinte, teffens gûverneur fan de wichtige festing Coevorden waard lykwols troch de Steaten-Generaal fan de Uny beneamd.

Drinte waard pas yn 1815 in folweardige provinsje yn it Keninkryk fan de Nederlannen.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

De Lânskip wie ferparte yn seis dingspillen [1] (dy't wer ûnderferdield wiene yn kerspelen) en fjouwer hearlikheden.

Dingspillen:

  1. Sudenfjild (Suydevelt)
  2. Middenfjild of Beilerdingspil (Middenvelt/Beylerdingspil)
  3. Dieverderdingspil (Diverderdingspil)
  4. Rolderdingspil (Rolderdingspil)
  5. Noardenfjild (Nordevelt)
  6. Eastermoer

Hearlikheden:

  1. Coevorden
  2. Ruinen
  3. Echten (fan 1626 ôf)
  4. Hoogersmilde (fan 1633 ôf)


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De term dingspil is ôflaat fan ding.