Departemint fan de Alde Isel
Ut Wikipedy
It Departemint fan de Alde Isel wie ien fan de acht departeminten fan de Bataafske Republyk. It hat bestien fan 1798 oant 1801 en hie as haadstêd Swol.
It departemint waard foarme nei it gearfoegjen fan:
- it gewest Oerisel
- it lânskip Drinte
- it súdlike part fan it gewest Fryslân (de Sânwâlden)
- it noardlike part fan it gewest Gelderlân (de Feluwe)
De eilannen Urk en Skoklân wiene ek part fan it departemint.
By de stifting fan it Bataafske Mienebest, yn 1801, waard dizze weryndieling tebek setten. Wol bleaunen Oerisel en Drinte tegearre ien departemint, it Departemint Oerisel. Noardlik Gelderlân waard diel fan it Departemint Gelderlân, wylst it súdlik part fan Fryslân by it Departemint Fryslân kaam.