Departemint Fryslân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Departemint Fryslân (Frise)

Departemint Fryslân bestie fan 1801 oant 1814, en wol yn trije ferskillende, opienfolgjende gedaanten.

Neidat it âlde Fryslân yn 1798, by de oprjochting fan de Bataafske Republyk, ferdield waard oer de Bataafske departeminten fan de Eems en de Alde Isel, kearde men yn 1801 werom nei it departemint Fryslân op it gebiet fan de âlde (en hjoeddeiske) provinsje.

Dêrnei wie it fan 1806 oant 1810 in departemint fan it Keninkryk Hollân.

Yn 1810, by de anneksaasje fan "Hollân", waard it in Frânsk departemint ûnder de namme Friesland of Frise ûnder préfet Johan Verstolk van Soelen.

Yn 1814, by de nederlaach fan Napoleon, waard it fannijs de provinsje Fryslân, no as diel fan it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen.

De haadstêd wie altyd Ljouwert. Yn de Frânske tiid waard it departemint yndield yn de folgjende arrondisseminten en kantons: