Departemint fan de Iems
Ut Wikipedy
It Departemint van de Iems bestie fan 1798 oant 1801. De haadstêd wie Ljouwert. It departemint makke diel út fan de Bataafske Republyk.
It departemint waard foarme troch it gearfoegjen fan:
- it goa Stad en Lande
- it noardlike part fan it goa Fryslân
- it eilân Flylân, dat oant dan behearde ta it goa Hollân
Yn 1801 waard dizze yndieling feroare. De noardlike helte fan Fryslân waard in part fan it Departemint Fryslân, Stad en Lande waard in eigen gebiet en krige foar it earst de namme Grins: Departemint Grins. It eilân Flylân gie oer nei it Departemint Hollân.