Skoklân
| Skoklân | |
|---|---|
| Basis ynformaasje | |
| Lân | Nederlân |
| Provinsje | Flevolân |
| Gemeente | Noardeastpolder |
| Tal ynwenners | 8 |
| Oerflak | 50.000 km² |
| Uneco Wrâlderfgoedlist | Sûnt 1995 |
Skoklân (Nederlânsk: Schokland) is in âld eilân dat yn de Sudersee, en letter nei de bou fan de Ofslútdyk, yn de Iselmar lei. Tsjintwurdich is Skoklân in part fan de Noardeastpolder.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Skoklân ûntstie yn it Holoseen troch it opkommen fan de see wêrtroch der fean ûntstie op it plak fan Skoklân. It fean op Skoklân ferberget in lânskip út de lêste iistiid.
De âldste oanwizings fan eilannen yn de Sudersee (Skoklân en Urk) stamme út de Romeinske tiid. Fan de midsieuwen ôf binne der tekens fan bewenning op it eilân. It eilân wie opdield yn twa stikken. It noardlike part, wêr’t it doarp Emmeloord lei hearde by it Greefskip Hollân, wylst it súdlike part, mei de doarpkes Middelbuert en Zuidert, fan Oerisel wie. Ek yn godstsjinstich opsicht wie it eilân ferdield. Emmeloord wie Roomsk-Katolyk, Middelbuert en Zuidert wienen Nedrlânsk-herfoarme.
[bewurkje seksje] Evakuaasje
Ien de rin fan de ieuwen waard it eilân hieltyd lytser troch stoarmen en lânôfslach. Sadwaande moast yn 1855 de Súderbuert ûntromme wurde. Yn 1859 waard it hiele eilân, op befel fan Willem III ûntromme. Frjemd genôch is it eilân dêrnei amper lytser wurden.
Nei dizze evakuaasje spriede de befolking harren út. In lyts part gie nei Folendam. De measte minsken lutsen nei Follenhove en Brunnepe, tsjintwurdich in wenwyk fan Kampen. Yn Brunnepe waard de Skokkerbuert boud. In part hjirfan is neiboud yn it Suderseemuseum yn Inkhuzen. De katolike tsjerke fan Emmeloord waard stien foar stien ôfbrutsen en wer opboud yn Ommen.
Mei de ûntromming waard de gemeente Skoklân opdoeke en by de gemeente Kampen foege. Sûnt de droechlizzing fan de Noardeastpolder sit it eilân fêst oan it fêstelân. Fan 1942 ôf heart it mêd fan Skoklân by de gemeente Noardeastepolder.
[bewurkje seksje] Kultuer
Troch it isolemint fan de ynwenners fan Skoklân hie it eilân har eigen dialekt, it Skokkersk. De kultuer fan Skoklân, mei de dracht, is wrâldferneamd.
[bewurkje seksje] Sifers
| Buert | Famyljes | Ynwenners | |||
|---|---|---|---|---|---|
| Totaal | Katoliken | Herfoarmen | Oars | ||
| Emmeloord | 87 | 389 | 370 | 19 | - |
| Middelbuert | 43 | 188 | 71 | 115 | 2 |
| Suderbuert | 14 | 64 | 17 | 47 | - |
| Skoklân | 144 | 641 | 458 | 181 | 2 |
| Boarne: http://www.volkstelling.nl | |||||
[bewurkje seksje] Takomst
Hjoed de dei is noch mar in lyts part fan it âlde Skoklân oer. Allinnich in stik fan Middelbuert stiet noch oerein. Tsjintwurdich is dêr no in museum fêstige mei in permaninte fertoaning fan ûnder mear bonken fan in mammoet dy’t by it eilân fûn binne. Jierliks komme sa'n 40.000 minsken it âlde eilân besykjen. It eilân is yn 1995 tafoege oan de UNESCO Wrâlderfgoedlist.
Troch de grûnsoarte fan Skoklân, dat bestiet út in tinne laach klaai en in dikke laach fean, klinkt it eilân hieltyd fierder yn. Dit is it gefolch fan it omleech bringen fan de grûnwetterspegel. Hjirtroch is it eilân al 1,5 meter sakke. Fan de jierren ’90 ôf wurdt besocht om dit tsjin te gean troch it eilân wiet te hâlden.
Ein 2008 waard bekend dat Skoklân wer in eigen postkoade krijt. Der is hoop dat it eilân dan wer mear toeristen lûke sil. It bestiet yn 2008 noch út 3 húshâldens, in museum en de wente fan de ljochtwachter.