Generaliteitslannen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Generaliteitslannen yn ljochtblau

Generaliteitslannen wienen gebieten dy't yn de tiid fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen direkt bestjoerd waarden troch de Steaten-Generaal.

Oars as de sân gewesten (feitlik acht, mar Drinte hie gjin stim yn de Steaten-Generaal) - Grinslân, Fryslân, Oerisel, Gelderlân, Utert, Hollân en Seelân – hienen sy gjin stim yn it lânsbestjoer. It wienen meast roomsk-katolike gebieten dy't op in letter stuit fan in de Tachtichjierrige Kriich op Spanje ferôvere wiene, of yn guon gefallen sels earst nei de ein fan de Spaanske suksesjeoarloch yn 1713 oan de Republyk kamen, sa as Steats-Boppe-Gelre. De generaliteitslannen funearren faak as in buffersône tusken de Republyk en de Spaanske- en Eastenrykske Nederlannen. Wat ekonomy oanbelange wiene it wingewesten, dy't swiere belestingen en hege heffings oplein krigen.