Prinsbisdom Utert

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It gebiet fan it prinsbisdom Utert

It Prinsbisdom Utert (ek wol bekend as It Sticht) wie it territoarium wêroer't de Biskoppen fan Utert yn de Midsieuwen as foarst de lânshearlikheid útoefenen. In sticht wie in gebiet wêr't de Abt of biskop oer regearde.

Utert wie fan 1024 oant 1528 in foarstendom binnen it Hillige Roomske Ryk. Dat wol sizze dat de biskop as ryksfoarst en greve ek hearlike rjochten hie en dus ek wrâldlike macht besiet. Hy reagearde oer:

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De earste biskop fan Utert wie de hillige Willibrord sûnt 703. Dizze man wie ek de aartsbiskop fan de Friezen.

Karel de Grutte reorganiseare yn de 9e ieu de tsjerklike yndieling fan de Nederlannen. Tusken dizze tiid en 1559 hearde alles boppe grutte rivieren en Seelan ta it bisdom Utert. Utsûndere de gebieten om Grinslân en eastlik Gelderlân dy't by it bisdom Münster en it Bisdom Osnabruck hearden. It bisdom sels wie yndield by it aartsbisdom Keulen. De biskop wie dus in suffragaanbisdom fan Keulen. Los fan de tsjerklike hearrigens wie de prinsbiskop in ûnôfhinklik ryksfoarst.

De biskoppen fan Utert krigen harren lânshearlikheden tusken de 11e ieu en de 13e ieu. De opfolgers fan Karel de Grutte skonken grutte dielen fan it ryk oan de tsjerklike foarsten om sa in tsjinwicht te foarmjen tsjin harren machtige lienhearen. By it Konkordaar fan Worms yn 1122 ferliende de keizer it rjocht om biskoppen en abten te beneamen. Dy taak kaam yn hannen fan de geastlikheid sels. In kandidaat foar in lege biskopssetel moast faak kostbere beloften dwaan om keazen te wurden. Dêrtroch ferswakke de posysje fan de biskop ta geunste fan de eallju.

De groei fan it bisdom[bewurkje seksje | edit source]

In oersjoch fan skinkingen fan guod en rjochten:

De biskoppen fan Utert lieten harren goederen beheare troch fâden en liengreven.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Izaak Hendrik Gosses, De Bisschop van Utrecht, het Domkapittel en de Groninger Prefect, yn: Bijdragen voor vaderlandsche geschiedenis en oudheidkunde, fjirde rige VII (1908), siden 25-135.