Leuven

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Leuven yn Flaamsk-Brabân
It stêdhûs
Grut Begynhof
Kollegiale Sint-Piterstsjerke

Leuven (Frânsk: Louvain) is in stêd en gemeente yn de Belgyske provinsje Flaamsk-Brabân. It is de sintraal lizzende haadstêd fan dizze provinsje en teffens it haadplak fan it bestjoerlike en gerjochtlike arrondissemint Leuven. Gemeente Leuven hat in oerflakte fan sawat 57 km² en hat mear as 92.000 ynwenners.

Leuven is ûnder mear bekend as fêstigingsplak fan de K.U.Leuven, de âldste universiteit yn de Lege Lannen, de multinational AB InBev (foarhinne InBev, Artois, letter noch Interbrew hiten) en it universitêr sikehûs Gasthuisberg.

Troch de ieuwenlange oanwêzichheid fan de brouwerij Artois en it studintelibben wurdt Leuven ek wol de bierhaadstêd fan Flaanderen/Belgje neamd.

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

Yn Leuven is in soad te sjen (sjoch ek de foto's ûnderoan it artikel):

[bewurkje seksje] Foto's

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen