1692
Ut Wikipedy
Ieuwen: 12e - 13e - 14e - 15e - 16e - 17e ieu - 18e - 19e - 20e - 21e - 22e
Jierren: 1687 - 1688 - 1689 - 1690 - 1691 - 1692 - 1693 - 1694 - 1695 - 1696 - 1697
Foarfallen [bewurkje seksje]
- Penninga's mole, dy't sûnt 1900 op De Jouwer stiet, wurdt boud.
- 7 juny - De wichtige havenstêd Port Royal op Jamaika sakket nei in ierdbeving yn see.
- 18 septimber - In fûle ierdbeving, dy't ek field wurdt yn Amsterdam, Londen en Parys, treft de súdlike Nederlannen. It episintrum lei by de Belgyske stêd Tienen en it plakje Soiron bewesten Verviers waard sa goed as finaal fan de kaart fage. Mei in krêft fan mear as 7 is it de swierste ierdbeving dy't West-Jeropa ea kend hat. De skok wie fielber fan Normandje oant Switserlân, en fan Norfolk oant Erfurt.
- It greefskip Brunswyk wurdt troch keizer Leopold I ferheft ta it Karfoarstedom Hannover.
- De Amsterdamske predikant Balthasar Bekker wurdt út it amt set om't er neat witte wol fan it bestean fan tsjoensters en de duvel.
- De ferneamde Dútske oargelbouwer Arp Schnitger restaurearret it oargel fan de Martinytsjerke yn Grins.
Berne [bewurkje seksje]
- 14 maart - Pieter van Musschenbroeck, Nederlânsk medikus, wis- en natuerkundige en astronoom († 1761)
- 8 april - Giuseppe Tartini, Italjaansk komponist en fioelist († 1770)
- 2 novimber - Unico Wilhelm van Wassenaer, Nederlânsk komponist en diplomaat (†1766)
- James Stirling, Skotsk wiskundige
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 12 febrewaris - Hindrik Hamel, Nederlânsk seefarder en VOC-boekhâlder dy't by fersin Korea ûntdekte.
- 10 july - Heinrich Bach (76), Dútsk oargelist en komponist
- 19 novimber - Thomas Shadwell, Ingelsk skriuwer
Jierren: 1687 - 1688 - 1689 - 1690 - 1691 - 1692 - 1693 - 1694 - 1695 - 1696 - 1697
Ieuwen: 12e - 13e - 14e - 15e - 16e - 17e ieu - 18e - 19e - 20e - 21e - 22e