Caspar de Robles

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Caspar de Robles of Gaspard di Robles (1527, Madrid - 4 april 1585, Ljouwert ?), ek wol Billy yn Arteezje neamd, wie steedhâlder fan Fryslân en Grinslân oan it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch (regearperioade: novimber 1573 - 1576; 1568 - 1573 hie Robles al plakferfangend steedhâlder west). Hy folge syn eardere befelhawwer Gilles fan Barlaymont op.

Spanje[bewurkje seksje | edit source]

De Robles wie de soan fan Dona Maria de Leyte, wierskynlik in minnares fan kening Filips II. Hy troude yn 1558 mei Jeanne de Saint-Quentin, frou fan Billy, en waard dêrmei eigener fan kastiel mei lannen yn Billy yn Arteezje, besuden Rijsel.

Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Op 17 maaie 1568 seagen de Harnzers 1.800 Waalske soldaten ûnder lieding fan De Robles oan lân kommen. Seis dagen letter fersloech Loadewyk fan Nassau by de slach by Heiligerlee it Spaanske leger fan steedhâlder Aremberg dy't dêrby omkaam. De Robles die mei oan de slach by Jemmingen wêrby't Loadewyk fan Nassau mar krekt ûntkomme koe.

De Robles koe maklik de opstân fan 'e Fryske stêden delslaan. Yn tsjinstelling ta Hollân hie Fryslân mar lytse stêden dy't ek faak gjin ferdigeningswurken hienen.

Hy holp Fadrique Álvarez de Toledo mei in lytse tûzen Waalske soldaten by it belis fan Haarlim. Likernôch 23 maaie 1573 rekke hy licht ferwûne troch in roerskot.

Diken[bewurkje seksje | edit source]

Nei de Alderheljenfloed krige De Robles de kâns om oan populêrens te winnen. Op 1 novimber 1570 krige hy de Friezen mei him op ien line troch de diken, benammen om Harns hinne, te tichtsjen en te fersterkjen. Om De Robles te betankjen rjochten de Harnzers in 1576 in stânbyld foar him op, de Stiennen Man. De Robles is dermei de ienige 'Spanjert' dy't yn 'e Lege Lannen mei in stânbyld eare is . De Robles wie ek ferantwurdlik foar de oanlis fan it Knillesdjip.

Delgong[bewurkje seksje | edit source]

Mei ferrin fan tiid waard Caspar de Robles hieltiten mear hate, troch freon en fijân. De Spaanske soldaten krigen al moannen gjin mear soldij en waarden tige ûntefreden, hy frege Alva om in fergoeding foar syn wurk. Yn 1576 sette hy op Grins ta om de boel del te bêdzjen, mar doe't Spanje bankrot ferklearre waard, waard er finzen nommen troch syn eigen soldaten. Dat wie de ein fan 'e macht fan Caspar de Robles yn it noarden fan de Lege Lannen.

Ferstoarn[bewurkje seksje | edit source]

Hy ferstoar op 4 april 1585, 57 jier âld, yn Antwerpen.