Strobos

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Strobos
Himrik fan  Strobos
Gemeente Achtkarspelen
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2008) 313
Huzen 124
Koördinaten 53° 14' NB, 6° 12' EL
Netnûmer 0512
Postkoade 9872
Webstee www.gerkesklooster-stroobos.nl


Strobos is in doarp yn it noardeasten fan de gemeente Achtkarspelen. It leit by de grins mei Grinslân, dêr't it Prinses Margrietkanaal oanslút op it Van Starkenborghkanaal. It doarp hat sa'n 313 ynwenners. Oantal wenten: Gerkeskleaster: 343, Strobos: 123

Tegearre mei Gerkeskleaster foarmet Strobos ien gehiel mei it twjillingdoarp Gerkeskleaster-Strobos. Oant 1993 waard it doarp Strobos trochsnien troch de grins mei de gemeente Grootegast, dy't tagelyk ek de grins mei de provinsje Grinslân foarme. Omdat dit allerlei praktyske beswierren joech, is it Grinslanner diel fan Strobos nei Achtkarspelen oergien. De lizzing oan it Prinses Margrietkanaal/Van Starkenborghkanaal is al tige lang fan grut belang foar dizze doarpen. De yndustry krige al gau in kâns, en yn de twa doarpen sitte dan ek en pear grutte bedriuwen. Yn 1850 waard te Strobos de skipswerf Barkmeijer stifte. It bedriuw bestiet noch altyd.

Ungefear 700 meter ten noardeasten fan Strobos stiet in Amerikaanske wynmotor, in poldermole dy't oanwiisd is as ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De namme soe foar it earst brûkt wêze yn 1655, doe't it Hoendjip groeven waard, en soe ferwize nei ûnderkommens fan strie foar de arbeiders dy't it kanaal groeven.
Strobos hat syn spoaren fertsjinne yn de wrâld fan skipfeart en hannel, mei't it op de grins lei en in slûs hie. De feart nei Dokkum ta hjit net foar neat Strobosser Trekfeart. Oant yn de jierren fyftich hie de stêd Grins in kanaal nei it Hoendjip wêryn de namme Strobos foarkaam.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alde Feart, Doarpsterwei, Fryske Streek, Grinzerstreek, Hellingstrjitte, It Breed, Hoendjip Noardside, Miedwei, Sarabos, Z Kooistrjitte.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: