Makkum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Makkum
Flagge fan Makkum Wapen fan Makkum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Makkum
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2004) 3260
Webstee http://www.makkum.nl

Makkum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Boalsert oan de Iselmar. Oant 2011 lei Makkum yn de eardere gemeente Wûnseradiel. It wie it grutste doarp yn de gemeente, mei likernôch 3.260 ynwenners (2004). Benoarden en besuden Makkum lizze de natuergebieten Súdwaard en Noardwaard. Under Makkum falt ek it buorskip Ingwier

Makkum is fan âlds in fiskersdoarp, mar it hat yn de 20e ieu ek in protte toerisme krigen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Makkumer Ierdewurk
De Waach fan Makkum
Makkumer bûlevard

De Sint Maartenterp is al mear as tûzen jier âld. Hjirop stie doe in tsjerkje mei it boeredoarp Mackum. Yn de 16e ieu ûntstie oan de súdlike kant de steedlike kearn: Statum. By Statum wie in slûs wêr't troch frachtskippen tol betelle wurde moast. De measte skippen farden troch nei Boalsert. Nei de Midsieuwen binne beide delsettings oan inoar fêst groeid. De hjoeddeiske tsjerke is yn 1660 boud.

Yn de Midsieuwen hie Makkum de namme Poarte nei de Sudersee. Dit kaam troch de twa slûzen, dy't eigendom wienen fan in tichtbylizzend kleaster. Makkum kon him sa ûntjaan ta in wichtich handelssintrum mei in strategyske posysje.

De Gouden Ieu fan Makkum begûn yn de 17e ieu en duorre oant de 18e ieu. Makkum wie in belangryk wurk- en handelssintrum, ynklusyf stienbakkerijen, tegelbakkerijen, hout, oalje, papier- en pelmûnen, skipswerven en skulpekalkûnen. De skulpkalkbaarnderijen wienen de grutste pylders foar de wolfeart fan Makkum. In soad minsken wurken hjir. Dizze mitselkalk fan hege kwaliteit waard ûnder oare brûkt by de bou fan huzen yn Amsterdam. It ferfier fan grûnstoffen en einprodukten gie per skip en dêrtrocht bloeiden ek de skipfeart en skipsbou. De skulpefiskerij wie fan belang neist de gewoane fiskerij.

It wapen fan Makkum toant in Seemearmin fan goud mei yn de rjochterhân in nei rjochts silend skip en in de lofterhân in kalkûne. De 19e ieu brocht in tebekfal troch it fersânjen fan de Sudersee wêrtroch't de haven van Makkum net mear berikt wurde koe. De drokte rûn werom en allinnich de skipsbou en wat ierdewurkfabriken bleaunen oer.

De lêste jierren ûntwikkelt it toerisme him sterk yn Makkum troch de grutte oanlûkingskrêft op wetter(sport)leafhawwers. It rekreaasjegebiet “De Holle Poarte” mei syn strân, kampearterrein, fakânsjewenten en boulevard lûkt alle jierren in soad minsken oan.

Bûten de lânbou nimt de natuur (reidsnijerij yn de Makkumerwaard) in grut plak yn. De natuergebieden oan de Iselmarkust binne ferneamd troch de kloften fûgels en it grutte ferskaat oan planten. De Stifting Preamke lit in simmerdeis in pream farre foar toeristen. De Stifting WON set him yn om de seefiskerij op de eardere Sudersee yn byld te bringen.

Yn 2008 sille Keninginne Beatrix en har famylje it plak oandwaan op Keninginnedei.

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

Toeristesintrum
Sicht op Turfmerk en Prúkmakkershoeke fanôf it Fallaat
Fiskershaven
Fiskershaven

De rike histoarje fan it doarp is noch goed te sjen. It doarp hat in steedlike struktuer út de 17e ieu. Benammen by de slûs steane fraaie keapmanshuzen mei prachtige gevels en yndrukwekkende ornaminten. Ek it eardere waachgebou is in besite wurdich.Makkum hat in stêdlike struktuer dy't noch út de 17e ieu komt. Benammen by de slûs steane fraaie keapmanshuzen mei prachtige gevels en yndrukwekkende ornaminten. In besykje oan it eardere waachgebou en it tichelwurkfabryk Keninklike Tichelaar Makkum, it âldste (ierdewurk)bedriuw fan Nederlân fan it wrâldferneamde Makkumer ierdewurk.

[bewurkje seksje] Mienskip

De feriening foar Pleatslik Belang is oprjochte yn 1909. De krante fan it doarp is de Makkumer Belboei. Simmerdeis is der al sûnt 1990 Leagenbollepop. Us Stek set him yn foar saken op it mêd fan sport en aktiviteiten. Sint Martinus, It Iepen Stee en De Arke binne de trije basisskoallen fan it doarp.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Stifting Ald-Makkum
  • Roeiferiening
  • Keatsferiening
  • Follybalferiening
  • Fuotbalferiening
  • Ons Genoegen - fiskjen
  • Feriening Ús Stek Makkum

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Gleiershuzen
Alde postkantoar

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten yn Makkum.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen