1573
Ut Wikipedy
Ieuwen: 11e - 12e - 13e - 14e - 15e - 16e ieu - 17e - 18e - 19e - 20e - 21e
Jierren: 1568 - 1569 - 1570 - 1571 - 1572 - 1573 - 1574 - 1575 - 1576 - 1577 - 1578
Foarfallen [bewurkje seksje]
- It Spaanske leger ûnder Alva's soan Don Frederik herovert hast alle stêden yn Oerisel en Gelderlân.
- Amersfoart wurdt troch Spaanske troepen ynnomd.
- Belis fan Haarlim troch de Spanjerts ûnder Don Frederik. Heldinnerol fan Kenau Simonsdochter Hasselaer.
- 12 july - Haarlim jout him oer oan de Spanjerts. Kapitein Ripperda en 700 manskippen wurde troch de Spanjoalen terjochtsteld.
- 8 oktober - Spaansk belis fan Alkmar ôfslein ('by Alkmar begjint de fiktoarje'). As dank jout prins Willem fan Oranje de stêd it ivichduorjende rjocht ta it hâlden fan de Tsiiswaach.
- 11 oktober - Slach op de Sudersee tusken de Wettergeuzen en in Spaanske float, dy't einicht yn in oerwinning foar de Wettergeuzen.
- Hartoch Alva wol sels it ferset yn de Nederlannen brekke. Hy stjoert Medina Celi, dy't Filips op advys fan Granvelle as opfolger fan Alva nei de Nederlannen stjoerd hie, werom; mar it súkses bliuwt út en Alva leit syn amt del. Hy set ôf nei Spanje wêr't hy yn ûngenede bliuwt oant 1578.
- 1 desimber - Alva op eigen fersyk ferfongen troch Don Louis de Requesens.
- 18 desimber - Alva ferlit de Nederlannen.
Berne [bewurkje seksje]
- 28 septimber - De Italjaanske keunstskilder Michelangelo Merisi of Merisio da Caravaggio wurdt yn Caravaggio berne.
- 22 desimber – Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz - greve fan Nassau-Dietz, fan 1620 oant 1632 steedhâlder fan Fryslân en fan 1625 oant 1632 steedhâlder fan Grinslân.
Ferstoarn [bewurkje seksje]
Jierren: 1568 - 1569 - 1570 - 1571 - 1572 - 1573 - 1574 - 1575 - 1576 - 1577 - 1578
Ieuwen: 11e - 12e - 13e - 14e - 15e - 16e ieu - 17e - 18e - 19e - 20e - 21e