Hof fan Fryslân
It Hof fan Fryslân is in regearingskolleezje dat yn 1499 oprjochte is troch Albrecht fan Saksen om mei de steedhâlder bestjoer en rjochtspraak út te oefenjen. Oant yn de Opstân tsjin Spanje (1576) wie it Hof de lânshear tadien; dat de Riedshearen moasten ferfongen wurde. It Hof kaam fan sân, oer njoggen op 12 leden, (dy't foar it libben beneamd wiene) en moast him nei 1581 - ûndanks tsjinstân - ta de justysje bepale. Politike macht wie dêrmei útsletten. It Hof wie allerearst foar de strafrjochtspraak fan swiere delikten yn earste ynstânsje: oertrêdings hannelen de Nedergerjochten ôf (mei in berop op it Hof).
Yn sivile saken wie it Hof eins allinnich beropsynstânsje. It Hof spruts sûnt 1504 rjocht nei de saneamde Saksyske Ordonnânsje yn 1602 ferfongen troch de 'Statuten, Ordonnantiën en Costumen', wersjoen yn 1723.
Fan grut belang wie dêrneist it Romeinsk Rjocht.
Bataafske Republyk [bewurkje seksje]
Op 27 maart 1798 krige it Hof in nije namme: Hof van het voormalig gewest Friesland. It Departemintale gerjochtshof soe oarspronklik yn de Iems yn Grinslân fêstige wurde, mar dit plan is nea útfierd. Sûnt 15 july 1802 krige it Hof har âlde namme werom: "Hof fan Fryslân".
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|