Blokhûs

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In blokhûs is in âlde beneaming foar in ferdigeningswurk, fan in ienfâldich bousel fan heale beamstammen oant kastieleftige bouwurken. Yn beide gefallen wie it faak ûnderdiel fan in grutter systeem, lykas in Lânwar. It koe ek in stee behearskje, lykas in krúspunt as in tagongswei. De bou fan blokhuzen is bekend út de Lette Midsieuwen oant en mei de 16e ieu. By blokhuzen as haadgebou fan in guod hearde faak ek in pleats. Blokhuzen yn Fryslân stienen ûnder oare yn Ljouwert (1499), Harns, Starum, Wâldsein en op De Lemmer. Se waarden ek boud yn West-Fryslân en Alkmar.

Blokhuzen binne oars yn hiel Europa bekend en ek yn Noard-Amearika en Súd-Afrika.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]