Stins
In stins wie foarhinne yn de provinsje Fryslân in iere foarm fan in hearehús of boarch.
It wurd stins komt fan stienhús. Dêrby moat dan lykwols tocht wurde oan bakstien. De stinzen fungearje of as flechtboarch by in houten, state, of binne yn letter tiid útwreide ta stiennen states. De ienichste útsûndering hjirby is de noch hieltiid net ynboude Skierstins. De muorren wienen dik, faak mear as in meter, koenen sjitgatten hawwe, en it gebou hie mear as ien ferdjipping. De yngong wie op earste etaazje en waard berikt fia in trep oan de bûtenkant dy't fuorthelle wurde koe. Doe't yn de 14e- en 15e ieu de bewapening better waard, fral troch it yngong finen fan fjoerwapens, wienen stinzen net langer feilich. Alle eardere stinzen hjitte troch dizze ûntwikling no "state" of boarch.
De hearehuzen wiene oarspronklik it besit fan de adelike famyljes dy't oer in soad lân beskikten. It meastepart fan de stinzen is yn de 19e ieu ôfbrutsen, omdat goed ûnderhâld faak te djoer waard foar de eigners. Yn guon fan de noch besteande stinzen binne tsjintwurdich museums fêstige. Faak lizze by stinzen en boargen prachtige krûdetunen. Foar krûdetunen dy't al út de 16e ieu of 17e ieu stamje wurdt it wurd stinzetún brûkt.
Stinzen komme ek foar yn East-Fryslân en yn Grinslân (Grinslânsk: stainhoes). Yn dy kontrijen hjitte dy lykwols - letter - boargen. It iennichst oerbleaune stienhûs yn Grinslân is it Iwema-Stienhûs yn Niebert. East-Fryslân hat der noch ien yn Bunderhee by Bunde.
Tanksij satellytprogramma's as Google Earth en Virtual Earth binne al in pear kear fûneminten fûn fan oant dan ta ûnbekende stinzen yn Grinslân. Amateurhistoarikus Johan Feikens hat ferskate yn de kontrei om de Dollard hinne fûn.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|