Dover (Ingelân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dover
Dover from air.jpg
Sifers
Ynwennertal 28.156 (2001)
Stêdekloft 39.078 (2001)
Polityk
Lân Ingelân
Greefskip Kent
Distrikt Dover
Oar
Koördinaten
Webside Offisjele webside Dover
De krytrotsen fan see ôf

Dover (eartiidsk yn it Nederlânsk: Daveren) is in wichtich havenplak yn Ingelân, yn it greefskip Kent. De stad leit oan it Nau fan Calais (of Strjitte fan Dover), lykas it eastlik diel fan It Kanaal neamd wurdt.

De stêd hat fanâlds fan maritym belang west. Al foar de Romeinen (dy't de stêd Dubris Portus neamden) wie Dover in foar de hân lizzend ynfalsplak, omdat it op mar 34 kilometer fan de Frânse kust leit. Oant 1923 wie Dover in marinebasis; dêrnei waard de haven benammen brûkt foar sivile doeleinen. Der binne fearferbiningen mei ferskate plakken op it fêstelân fan Europa (The Continent): Calais, Dúntsjerken en Boulogne yn Frankryk. Dêrmei waard de stêd de wichtichste haven foar it ferkear oer It Kanaal.

Yn 2010 hat de agglomeraasje Dover sa'n 37.000 ynwenners. Fiskerij, yndustry en benammen it toerisme en de havenaktiviteiten binne de wichtichste boarnen fan ynkomsten.

Dover is ferneamd om de wite krytrotsen fan Dover (de white cliffs of Dover). Ek is der in mânsk kastiel (Dover Castle), mei de resten fan in Romeinse fjoertoer út de 4e ieu. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie de stêd it mikpunt fan swiere bombardeminten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]