Twadde Boerekriich

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boerestriders belegerje de fan Britten besette stêd Mafeking, ± 1899
Boerefroulju en -bern yn in Britsk kosintraasjekamp

De Twadde Boere-oarloch fan 1899 - 1902 wie in Britske oarloch om Transfaal en Oranje Frijsteat yn de Súd-Afrikaanske koloanje, de Kaapkoloanje. Nei de Earste Boere-oarloch bleau de Boeremienskip ûnder druk fan de Britten stean. Yn 1885 waard yn Transfaal by Witwatersrand goud fûn yn in kilometerslange ertslaach.

De kriich waard ynjûn troch dy ûntdekking fan goud, mar ek om in Britsk gebiet út ien stik fan noard- nei súd-Afrika te krijen. Grut-Brittanje stjitte lykwols op in soad ferset en der moasten in soad striidkrêften ynsetten wurde. Al hienen se de kontrole oer de strategysk meast wichtige stêden, dochs bleaune yn de guerrilla-oarloch boargers min te ûnderskieden fan militêren.

As reaksje moast de totale Britske boargerbefolking yn konsintraasjekampen, dêr't de strieminne omstannichheden laten ta hege stjerte oan benammen tyfus. Dêrtroch ûntstie in soad wjerstân tsjin de oarloch fan de Britten. Omdat de oanhâldende oarloch hopeleas like, like it yn 1902 te einigjen yn in frede mei Grut-Brittanje. De Britten en de Boeren hienen de wite kontrole oer Súd-Afrika as mienskiplik doel. Dochs foel it de blanke Súd-Afrikaner ôf. Troch it oproppen fan Afrikaansk nasjonalisme yn de jierren 1930 en 1940 wie de oarloch fan 1830 in barren mei hast mytologyske betsjutting wurden. Omdat de Afrikaanske befolking in soad te lijen hân hie waard it opsetten fan it systeem fan Apartheid en ûnderdrukking in stik ienfâldiger. De swarte befolking soe pas wat te sizzen krije as de Boeren letter selsbestjoer krigen. De ynfloed fan de oarloch op de net-blanke befolking wurdt yn de hjoeddeiske skiedskriuwing faak ferwaarloaze.

De striid koste Grut-Brittanje sa'n 22.000 deaden, 100.000 ferwûnen en in slompe jild. De oerienkomst makke in ein oan it bestean fan Transfaal en de Oranje Frijsteat as Boererepubliken en brocht se yn it Britske Ryk. Yn de oarloch fochten 2000 Nederlanners as frijwilligers oan de boerekant.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Davenport, T.R.H., Africa. A modern history, 1978
  • Nasson, Bill, De Boerenoorlog 1899-1902, Verloren, Hilfertsom, 1999
  • Pakenham, Th., The Boer war, 1981
  • Pakenham, Th., The scramble for Africa 1876-1912, Londen, Abacus 1991
  • Wesseling, H.L., Verdeel en heers. De deling van Africa 1880-1914, Amsterdam, Bert Bakker 1991
  • Wilson, M. en L. (eds.), The Oxford history of South-Africa II: 1870-1966, Oxford, Clarendon 1971
  • Dr. F. J. du Toit Spies, Van Ons Land Suid-Afrika, Voorland Brugge, 1947