Plaktyfus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Esculaap4.svg     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
Plaktyfus

Tyfus of plaktyfus (Nederlânsk: vlektyfus) is in besmetlike sykte dy't troch mikro-organismen fan it skaai Rickettsia feroarsake wurde. De namme komt fan it Gryksk typhos = mist, dize, en slacht op de dizenigens yn de holle by it koartsdelier fan de lijers oan de sykte.

De sykte wurdt troch kleanluzen oerbrocht, faak ûnder minne hygiënyske omstannigheden, lykas ûnder krigen en hûngersneed. De ynkubaasjetiid is 10 oant 14 dagen. De symptomen binne ûnder oaren hege koorts (40°C as heger), pineholle, knierpine, hûdútslach (dêrfandinne de namme), mislikens en spuie.

Der binne ferskate foarmen fan. Neist de 'gewoane' tyfus bestiet der de 'Rocky Mountain spotted fever', dy't troch in besibbe Rickettsia feroarzake wurdt en troch tikebiten oerbrocht wurdt.

De epidemyske foarm is, sûnder behanneling, yn 10 oant 60% fan de gefallen deadlik. De sykte wurdt behannele mei antibiotika. Gloaramfenikol wie de earste effektive, mar wurdt fanwege slimme bywurkings leaver net mear brûkt, en is ferfongen troch tetracycline en doxycycline.

Bûktyfus is hiel oare (term)sykte, dy't troch salmonellabaktearjen (S. typhi) feroarsake wurdt, krektas it myldere paratyfus (S. paratyphi)