Slach by Jemmingen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Slach by Jemmingen,
( Frans Hogenberg )

De Slach by Jemmingen, no it Dútse Jemgum, barde op 21 july 1568 tusken in Nederlâns leger ûnder Loadewyk fan Nassau en in Spaansk leger ûnder Caspar de Robles en Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva.

[bewurkje seksje] Oanrin

Nei de súksesfolle oerwinning yn de Slach by Heiligerlee bleau Alva even yn it defensyf. Loadewyk fan Nassau belegere mei help fan de wettergeuzen de stêd Grins, mar joech dit op doe't Alva mei in nij leger nei it noarden kaam. Loadewyk liet him lykwols by Jemmingen by de Dollard en de Iems yn Dútslân troch Alva yn it nau driuwe.

[bewurkje seksje] De slach

Loadewyk fan Nassau stelde syn ynfantery op efter in greppel yn twa brigades fan sa'n 5000 man elk. Dizze bestienen hast hielendal út hierlingen en krekt wurven soldaten. Hjir efter stie de ruterij, syn 16 kanonnen stelde hy op foar de ynfantery. De hartoch fan Alva hie 12.000 man fuotfolk (4 tercios), 3000 man ruterij en in ûnbekend oantal kanonnen.

Alva stjoerde in foarhoede fan 3 heakbusienheden (1500 man) en 300 man kavalery foarút om de protestantske liny te testen. De rest fan syn troepen brûkte er om it skiereilân ôf te slueten. Trije oeren lang die de Spaanske foarhoede hoedene oanfallen op de Nederlânske liny. Dizze andere mei lytse tsjinoanfallen. Doe't ferkenners oan Loadewyk berjochten dat der fierders gjin Spaanske troepen yn de omkriten wienen, joech dizze it befel om op te rukken. Mar stuite lykwols al nei in pear hûndert op fûl arkebussier- en musketfjoer. Doe't ek noch de Spaanske ruterij op it slachfjild arrivearre, moast Loadewyk opdracht jaan oan syn manlju har werom te lûken. Dat weromlûken draaide út op in flecht nei de fearen oer de Iems dêr't in protte deaden by foelen. Goed 7000 man waarden deade. Alva ferlear yn de slach minder as 100 man.

[bewurkje seksje] Betsjutting

De nederlaach wie in gefoelich ferlies foar de opstannelingen en betsjutte ynearsten ynstânsje de ein fan de fjildoperaasjes. It Spaanske leger hie frij spul.

Alva makke alle kanonnen fan de fijân bút en liet dizze omrane ta in stânbyld fan himsels, dat hy yn Antwerpen pleatse liet. It is hjirom, dat hy ek wol de Izeren Hartoch neamd waard.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen