Jacobus Knol

Ut Wikipedy
Jacobus Knol
skriuwer
Jacobus Knol, fotografearre troch Jan Kalma
Jacobus Knol, fotografearre troch Jan Kalma
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacobus Knol
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 30 maart 1936
berteplak Dokkum
stoarn 30 novimber 2023
stjerplak Dokkum
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre lit. romans, oersettings
bekendste
  wurk(en)
In Libben as Styntsje
Alle Rivieren Rinne nei See (fert.)
De Poarten fan it Wâld (fert.)
jierren aktyf 19742023
offisjele webside
www.jacobusknol.nl

Jacobus Knol (Dokkum, 30 maart 1936 - dêre, 30 novimber 2023) [1] wie in Frysk, learaar, skriuwer en oersetter.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Knol hat les jûn, earst oan de legere skoalle en de mulo (letter mavo en havo), en dêrnei noch lyts tweintich jier yn de fakken Nederlânsk en Frysk oan de Pabû yn Dokkum en Ljouwert.

Al ear't er ophold yn it ûnderwiis, wie er begûn mei skriuwen, en publisearre ûnder oaren yn De stim fan Fryslân. Hy hat jierrenlang yn de redaksje sitten fan de Iduna-, en Holderrige en fan de rige Minsken en Boeken fan de Fryske Akademy. Hy besoarge de postume útjefte fan Ypk fan der Fear har histoaryske roman In earme swalker yn 'e wrâld (oer it libben fan de Fryske dichter J.C.P. Salverda) en wie ek anneks mei de publikaasje fan Ella Wassenaar har dichtbondel Fernijd fiergesicht (1981) en de bondel Ljochte nachten (1981) fan de dichter Gerben Brouwer.

Knol wie bestjoerslid fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek. Yn 1995 brocht de KFFB Knol syn earste roman út ûnder it pseudonym Styntsje Piters. De lêste tsien jier wied er wakker yn 'e skrep mei it oersetten fan wurk fan de joadske skriuwer en Nobelpriiswinner Elie Wiesel, mar hy hat noch gjin útjouwer fine kind foar alle boeken dy't er oerset hat. Teffens sette er tsjerklieten yn it Fysk oer foar It Nije Lieteboek.

Knol is 87 jier wurden.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1995: In Libben as Styntsje
  • 1996: In Earsten Dragonder
  • 1997: In Opwinend Fraachteken
  • 1998: Tusken Boedapest en Burgerheide

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut it Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1979: Jezus Komt yn ’e Wrâld, Lukas 1:1 - 2:20 yn Ienfâldich Frysk (Fryske bewurking)
  • 1979: Sa Gong it mei Jezus, Mattéus 26-28 yn Ienfâldich Frysk (Fryske bewurking)

Ut it Nederlânsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1974: Bolsward De Martinikerk (nei J.A.J.M. Verspaandonk, Misericorde-reeks, Buijten & Schipperheijn)
  • 1987: Ta de Earetsjinst I, Liturgy yn Dagen fan Rou (mei J. de Jong en Bernard Smilde)
  • 1990: Ta de Earetsjinst II, Oarders foar de Befestiging fan Amtsdragers (mei J. de Jong en Bernard Smilde)
  • 1993: Ta de earetsjinst III, Doop en Belidenis (mei J. de Jong en Bernard Smilde)
  • 1993: Printebibel: Ferhalen út it Alde en it Nije Testamint (mei J. v.d. Weg-Laverman, J. de Jong en Bernard Smilde)
  • 1994: Snokkerjende Grymgnyskes (nei Piet Pealtsje)
  • 1997: De Bearejacht (mei Dick Eisma; nei Theun de Vries, KFFB, nû. 394)
  • 2001: Der Binne Goede Machten om Us Hinne (nei dû. D.G. Wiersma, KFFB nû. 416)
  • 2005: Tsjinstboek: In Oanset (Skrift, Miel, Gebed) (mei Jan de Jong, Bernard Smilde, Doet Visser en Dick Eisma)

Ut it Ingelsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut it Dútsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut it Frânsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: