Lytsewâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lytsewâld
Flagge fan Lytsewâld Wapen fan Lytsewâld
Flagge Wapen
Lokaasje fan Lytsewâld
Gemeente Kollumerlân
Ynwennertal (2014) 68
Webstee []
Tsjerke fan Lytsewâld

Lytsewâld (Nederlânsk: Augsbuurt; Grinslânsk: Lutjewoude) is it lytste fan de 12 doarpen yn de gemeente Kollumerlân. Lytsewâld hat sa'n 68 ynwenners. It doarp is fan midsieuske oarsprong en kaam yn 1654/1656 oan de doe groeven Strobosser Trekfeart tusken Dokkum en Strobos te lizzen.

Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De eardere Herfoarme tsjerke is it meast yn it each rinnende gebou yn Lytsewâld. Op it plak fan de tsjintwurdige tsjerke stie yn 1347 al in kapel. It tsjerkje is boud yn 1782. De toer is lykwols fan resintere datum: 1917. Doe is der ek in nije klok getten as ferfanging fan it troch Jurjen Balthasar getten eksimplaar, mar hy is yn de oarloch yn de raantsjettel bedarre. Yn 1976 is de tsjerke renovearre en is der boukundich ûndersyk dien.[1] Yn de tsjerke binne in twatal rouboerden fan de Van Scheltinga’s út 1708 en 1712 te bewûnderjen.

De tsjerke, dêr't de banken úthelle binne, hat in bysûndere preekstoel. Op it foarstik binne Mozes en Aäron ôfbylde mei de wet. De preekstoel is yn de 17e ieu skonken troch de grytman Epo van Aylva.

De tsjerke, dy't mar fjouwer kear yn it jier brûkt wurdt, is besit fan de stifting Alde Fryske Tsjerken.

It tsjerkje wurdt winterdeis brûkt as muzykkapel troch streekmuzykskoalle De Wâldsang. Ek wurde der wol eksposysjes hâlden.

De Herfoarme Gemeente fan Lytsewâld wie oant 1857 kombineare mei Kollumersweach. Doe krige Kollum in twadde dûmny dy't in Lytsewâld wenne. Yn 1869 krige Kollum wer ien dûmny. De pastorij stiet der noch.

Skoalle en skoalhûs[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1833 krige Lytsewâld in nije skoalle en dêr waard yn 1839 it skoalhûs tsjinoan boud. Yn 1880 is de skoalle sletten, mei't master Tije van Teijens, doe't er 77 jier wie, mei pinsjoen gie.

Clantsate[bewurkje seksje | edit source]

De namme Clant is foar it earst oan de state ferbûn doe't Claes Clant it kocht yn 1536, derfoar hjitte it Harkema Heerd en dy namme is foar it earst neamd yn 1463. Claes Clant waard grytman fan Nieuw-Kruisland yn 1542 en letter fan Kollumerlân en NK oant 1569. Op de state wennen doe noch wol Harkemas. De sate waard letter troch ferskate famyljes bewenne, Roordas, Van Scheltemas en van Aylvas. Fermoedlik is de state koart foar 1650 opnij boud; oanwizings derfoar jout ek de tekening fan J. Stellingwerf út 1722.[2]

Reizgers dy't troch de Strobosser Trekfeart farden, sprekke fan in bysûnder gebou. Yn 1757 waard Clantsate of de Augsboarch ôfbrutsen.

De brêge[bewurkje seksje | edit source]

Wa't fan de Dokkumer Trekwei nei Lytsewâld giet, komt oer in no seldsume brêge. Yn 1907 krige Lytsewâld in nije brêge. As model waard de âlde balkebrêge, dy't meastentiids oer de trekfeart leinen, brûkt.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

  • 1954: 157, 1959: 121, 1964: 113, 1969: 101, 1973: 103, 2007: 68, 2014: 68

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/Kollumerland en NK, 1989. Siden 9,10
  2. Herma M. van den Berg,Noordelijk Oostergo/Kollumerland en NK, 1989. Siden 9,10