Ingwierrum
|
|||||
| Gemeente | Dongeradiel | ||||
| Ynwennertal (2004) | 420 | ||||
| Webstee | Oer it doarp | ||||
Ingwierrum is in terpdoarp mei rjochthoekige terp yn de gemeente Dongeradiel. Nei it oanlizzen fan de wei nei Dokkum is der bûten de rjochthoekige terp ek bebouwing kommen en nei de Twadde Wrâldoarloch is de nijbouwyk It Roster derby komd. Noardeastlik fan Ingwierrum leit de buorskip Nijlân. It buorskip Dokkumer Nije Silen dat ûntstien is by de silen dy't oanlein binne by it ôfsluten fan it Dokkumer Djip falt ek ûnder Ingwierrum. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Ingwierrum diel út fan de gemeente East-Dongeradiel.
De namme Ingwierrum is net dúdlik. In aardige ferklearring is faaks de terpen yn 'e greiden, of "de terpen fan de Edinga's". Ingwierrum is al yn de Midsieuwen ûntstien op in kwelderwâl. Yn it lânskip binne der noch parten fan in 12e ieuskse dyk werom te finen.
Westlik op de terp, tsjin de dyk, lei Dodingastate; dêr stiet no in begjin 19e ieuske kop-hals-romp pleats. (Worp fan Thabor neamd in Botte Doedinga as Fetkeaper yn 1422.) De bebouwing fan it doarp stiet by de letter ta trochgeande rydwei fan Dokkum nei de Dokkumer Nijesilen ferbettere Dodingawei lâns. Benammen oan ‘e Tsjerkebuorren en de Buorren heaks dêrop, is dúdlik it profyl fan de terp te fernimmen. Tusken dizze haadstrjitten yn rinne noch inkele dwerspaden mei bebouwing. Nei de oarloch is it doarp fan it Roster ôf fierder yn súdeastlike rjochting útwreide. Eastlik fan it doarp is by de trochgeande dyk lâns en fuort efter de seedyk ek al frij betiid in losse bebouwing ûntstien.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Tsjerke en toer
De tsjerke sa as dy der no stiet is fan 1746 en waard tsjin in âlde midsieuske tsjerketoer út de 13e ieu oan boud. Nei't de âlde yn 1722 ôfbrutsen is der doe in nije tsjerke boud [1]. De finsters hawwe, no hiel seldsum, latteroasters. Miskyn om de brânskildere ruten te beskermjen.
Der binne twa brânskildere ruten yn. Dy binne yn 1746 makke troch Ype Staak en Jurjen Staak út Snits. Op it iene stiet as wapen fan de skinker dat fan de Prins fan Oranje en op it oare it wapen fan Fryslân. Der omhinne steane allegoryske frouljusfiguren. Ek doe woenen de sponsors harren namme al ferivige hawwe.
De tsjerke fan Ingwierrum hat ek noch barokke preekstoel mei de bûgde kûpe.
De net sa hege toer kin út 13e ieu stamme. Yn 1746 binne de topgevels fan de toer opnij opmitsele en hat er in nij sealtek krige.[2]
[bewurkje seksje] It Ingwierumer Nijlân
Yn 1752 is 160 bunder kwelder wûn op de Lauwerssee troch der in dyk omhinne te lizzen.
[bewurkje seksje] Mienskip
Ingwierrum hat in feriening foar doarpsbelang en it doarpshûs De Mande. De Springplanke" is de basisskoalle fan Ingwierrum. De supermerk fan it doarp is yn 2006 sluten.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Euphonia - korps
- Fuotbalferiening Oostergo tegearre mei Ie.
[bewurkje seksje] Befolking
Miranda van Kralingen en Dick Passchier wenje yn it doarp.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Oan de Mûnebuorren stie oan'e ein fan de 19e ieu in de mûne fan Helder.
- Op it wapen fan Ingwierrum steane ferwizings nei it Dokkumer Grutdjip, de slûs en de einekoaien by it doarp.
- Sake Kornelis Feitsma hat hjir yn de 19e ieu skoalmaster west.
[bewurkje seksje] Strjitten
Bakkersreed, Bûtendykswei, De Buorren, De Dobbe, De Kampen, Dodingawei, Fjellingsreed, It Roster, Lytse Wei, Mûnebuorren, Nijlân, Sylsterwei, Tempelsteed, Tsjerkepaad.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |