Ferwert
Ferwert is it haadplak fan de Fryske gemeente Ferwerderadiel en hat 1.900 ynwenners (02-06-2008).
It doarp leit yn it noardlik part fan de gemeente, net fier fan de Waadsee. It leit oan de Provinsjale dyk N357 fan Ljouwert nei Holwert, dy't it doarp ferbynt mei Marrum en Hallum nei it súdwesten en Blije nei it noardeasten. Ferwert leit likernôch in kilometer westlik fan it terpdoarp Hegebeintum, dêr't it oer de Ferwerter Feart mei ferbûn is. Oan de westkant ferbynt de Burmaniafeart it doarp mei Foswert. Beide fearten jouwe súdliker ferbining mei de Dokkumer Ie. Ferwert leit oan it Fryske Kustpaad. Fan 1901 oant 1936 lei it doarp oan it Dokkumer Lokaeltsje.
Ta it gebiet fan Ferwert hearre ek de buorskippen Foswert en de Ryp.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Ferwert is foar it begjin fan de jiertelling ûntstean. It leit op in kwelderwâl dêr't ek Hallum, Marrum en Blije op lizze. It is in terpdoarp, mei in terp dy't heech genôch wie om de see te sjen, mar om 1900 hinne is oan de noardwest kant it grutste part fan de terp ôfgroeven. It doarp wurdt kenmerke troch in tsjerke út 1421. De tsjerke hat ûnder oaren in klok út 1383, mooglik út de tsjerke fan it eardere Easterbeintum. Yn de tritiger jierren fan de 20e ieu waarden in tal feroarings útfierd dy't de toer in hiel oar antlit joegen. Sûnt 12 febrewaris 2007 is de tsjerketoer fan Ferwert troch in yngripende restauraasje wer yn de âlde steat fan foar dy tiid werombrocht. Ferwert had hjoed de dei in beskerme doarpsgesicht.
Súdlik fan it doarp stiet in lytse Amerikaanse wynmotor.
[bewurkje seksje] Gebouwen
By Ferwert stie oant 1500 hinne de Tsjallingastate, en oant it begjin fan de 19e ieu de Camminghastate dêr't it Cammingha Hôf noch fan oer is. Fierder hawwe hjir de states Deniastate, Gerbrandastate, Juwsmastate en Meekmastate stien. Fan Sminiastate binne noch twa pleatsen oer. De hjirneist ôfbylde tsjerketoer is sûnt 20 febrewaris 2007 fernijd, of eigentlik yn âlde steat werombrocht. It restauraasje yn de tritiger jierren fan de foarrige ieu hie de tsjerketoer feroare lykas op dizze ôfbylding. In ôfbyld fan hoe't de tsjerke der no út sjocht is der noch net. Yn de toer hingje trije klokken út 1383, 1426 en 1457. Der sit in sânstiennen sinnewizer út 1640 op de súdmuorre fan de tsjerke. Dizze is yn 1704 fernijd. Yn de simmer fan 2007 kamen der plannen foar in 'histoaryske' wenwyk. Amateur-histoarikus Johannes van Dijk en Ferwerter Pyt Nauta giene dêroer yn petear mei de gemeente. Dêryn soe Herjuwmastate herboud wurde moatte en der soene ek in pear huzen yn deselde styl komme moatte.
Yn de state sels soe it fersoargingshûs fan Interzorg in plakje krije kinne. De âlde wyk soe oan de súdkant komme moatte.
[bewurkje seksje] Tsjerke
De hjirneist ôfbylde tsjerke op de foto is sûnt 20 febrewaris 2007 fernijd, of eigentlik werombrocht yn âlde steat. In restauraasje yn de jierren tritich fan de 20e ieu hie de tsjerke feroare lykas op dizze foto. Ek binne in oantal jierren lyn de klokken laske en ophongen oan oare liedasssen.
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarp hat twa basisskoallen: Op'e Trije en Op Streek. Der is in lokaasje fan it Dockingakollezje foar fuorset ûnderwiis. Foar de jongerein is der sûnt freed 21 jannewaris 2000 soos de Yntro.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Excelsior Ferwert - brassband
- Heechfinne - darten
- Fuotbalferiening Wardy
- SVKV - gymnastyk
- Foswert - keatsen
[bewurkje seksje] Bekende Ferwerters
- Gerardus Heymans, ( 17 april 1857), filosoof, logikus en psycholooch († 1930)
- Trinus Riemersma, Fryske skriuwer. († 2011)
- Eeltsje Boates Folkertsma, Fryske foarman. († 1968)
Sûnt 1999 is de doarpsnamme offisjeel Frysk. Neffens guon soe de Fryske namme fan de gemeente, dy't ôflaat is fan "Ferwert", "Ferwerteradiel" wêze moatte.
[bewurkje seksje] Befolkingsûntwikkeling
- 2008 - 1.900
- 2004 - 1.915
- 2002 - 1.874
- 1999 - 1.824
- 1973 - 2.008
- 1971 - 1.898
- 1969 - 1.837
- 1964 - 1.892
- 1959 - 2.023
- 1954 - 1.965
- 1913 - 1.699
- 1848 - 1.463
- 1830 - 1.429
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn Ferwert.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Galery
[bewurkje seksje] Byldzjende keunst
-
Frouljusfiguer ( Hans Jouta )
-
Sûnder titel (Frans Ram)