Easternijtsjerk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Easternijtsjerk
Flagge fan Easternijtsjerk Wapen fan Easternijtsjerk
Flagge Wapen
Lokaasje fan Easternijtsjerk
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 910
Webstee Webstee Easternijtsjerk

It doarp Easternijtsjerk (ek wol koartwei Nijtsjerk neamd) is mei sa'n 910 ynwenners ien fan de gruttere doarpen yn de gemeente Dongeradiel. De namme jout oan dat it in frij jong doarp is. Om de beide Nijtsjerken útinoar te hâlden, waard Nijtsjerk yn Ferwerderadiel Westernijtsjerk en Nijtsjerk yn Dongeradiel waard Easternijtsjerk. It doarp hat in doarpshûs De Terp dat yn 2007 fernijd is. Ien op elke fjouwer ynwenners hat hjirby holpen.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Easternijtsjerk diel út fan de gemeente East-Dongeradiel.

De ûntsteansskiednis[bewurkje seksje | edit source]

Easternijtsjerk hat gjin terp. It is fanâlds in lintdoarp. Dat soe der op wize kinne dat it doarp earst yn de 11e ieu ûntstien is. Doe wienen der diken lein om fan de oerstreamings ôf te wêzen. By dat bedykjen wienen foaral de kleasters belutsen. Sa is it ek te ferklearjen dat hast alle grûn yn Easternijtsjerk kleastergrûn wie. Alle wichtige kleasters hienen yn Easternijtsjerk besit. Der wie mar ien pleats dy't net fan in kleaster wie.

It measte besit wie yn hannen fan de norbertinen. De kleasters bebuorken har grûn, as it mar heal koe, sels. It sprekt dan ek fansels dat der in úthôf wie en dat de tsjerke ek betsjinne waard troch de norbertinen.

Der is net sa folle bekend oer Easternijtsjerk. Yn de twadde helte 12e ieu wurdt der oer it doarp praten, mar de earste boarnen stamme út de 13e ieu.

De herfoarme tsjerke

De tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De toer is út de 13e ieu. It is in swiere bakstiennen toer mei in sealdak. Under it sealdak binne der nissen oanbrocht. Fan de tsjerke sels is it koar it âldste; it soe ek 13e ieusk wêze kinne en in oerbliuwsel wêze kinne fan in eardere kleasterkapel. Yn de 16e ieu is it letgoatyske skip yn twa fasen boud. Yn de tsjerke is aardich rokokomeubilêr te finen. It oargel is yn 1814 boud troch J.A. Hillebrand, in oargelbouwer dy't út Dútslân kaam. Hy hat ek in oargel yn Nijewier boud.

De klok is opnij getten yn 1909 fan de âlde út 1668 dy't makke wie troch Jurjen Balthasar út Ljouwert.

De griffermearde tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Oan de Langgrousterwei stiet in griffermearde tsjerke út 1890. Ek Easternijtsjerk is net ûntkommen oan it spjalt dat yn dy tiid troch de tsjerke gien is, de Doleânsje.

Bollingwier[bewurkje seksje | edit source]

In eintsje fan it doarp oan de westkant leit it buorskip Bollingwier. De namme betsjut faaks 'terp fan Bolle' of tsjut op in famyljenamme. Dêr steane in pear monumintale pleatsen.

Doetiids[bewurkje seksje | edit source]

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

It doarpshûs fan Easternijtsjerk hjit De Terp. Der is in feriening foar Doarpsbelang mei in aktiviteitenkommisje. De 'Doarpsskille' is it nijsbledsje fan Easternijtsjerk. Der binne in soad buertferienings: Ald Tún, Bollingwier, Buorfinne, Buorren I en II, Doktersfiif, Foeke Sjoerdsstrjitte, Grienewei, Langgrousterwei, de Terp, Lou Sânen, de Lyts Ein, Mûnewei, Nijbuorren en Ropsterwei.

Bekende Easternijtsjerksters[bewurkje seksje | edit source]

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Op it doarpswapen, dat ôflaat is fan it wapen fan Nes steane in wynhûn en roazen. Se komme fan de famylje Sjoorda. De oargelpiip is ûntliend oan in eardere tsjerkepatroan, de Hillige Cecilia dy't in oargel as symboal hie.
  • Oan de súdeastrâne fan it doarp stiet in Amerikaanske wynmotor.
  • Oer Easternijtsjerk ferskynde in boekje:

Jan Swart In doarp yn'e Noardeasthoeke, Easternijtsjerk tusken 1740 en 1940, Fryske Akademy

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • 't Oogh -
  • Ald Each -
  • Ald Tún -
  • Bartenswei -
  • Berchhuzen -
  • Bollingwier - buorskip Bollingwier
  • De Buorfinne -
  • De Buorren -
  • De Fiver -
  • De Lyts Ein -
  • De Terp -
  • Doktersfiif - In nijbouwyk yn Easternijtsjerk út de jierren '60 en '70 fan de foarige ieu krige de namme Doktersfiif. Dit wie it lân en greide foar it hynder fan ûnder oare dokter Ferhman dy't dêr flak foar oer wenne.
  • Foeke Sjoerdsstrjitte - skoalmaster en doarpsrjochter Foeke Sjoerds
  • Grienewei -
  • Grytsjewei -
  • Langgrousterwei - nei it buorskip Langgrou
  • Lou Sânen -
  • Mûnewei -
  • Nijbuorren -
  • Ropsterwei - de dyk nei Ropta
  • Sjoarda -

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]