Gerardus Heymans

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gerard Heymans

Gerard Heymans (Ferwert, 17 april 1857 - Grins, 18 febrewaris 1930) wie in filosoof, logikus en psycholooch en heechlearaar Skiednis fan de wiisbegearte, logika, metafysika en sielkunde fan 1890 oant 1927. Heymans wurdt beskôge as ien fan de wichtichste filosofen, dy't Fryslân fuortbrocht en tagelyk as grûnlizzer fan de psychology yn Nederlân.

Algemien[bewurkje seksje | edit source]

Heymans waard berne as soan fan in gemeentesekretaris. Hy folge de HBS yn Ljouwert en studearre dêrnei Rjochten en Wiisbegearte oan de Universiteit fan Leien ûnder J.P.N. Land, om hjir yn 1880 te promovearjen yn de steatswittenskippen. Fierders studearre hy yn Freiburg im Breisgau wiisbegearte, dêr't hy yn 1881 by Wilhelm Windelband promovearre. Fan 1890 oant 1927 wie Heymans heechlearaar wiisbegearte en psychology oan de Ryksuniversiteit Grins.

Heymans wie lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW) te Amsterdam oant novimber 1919, doe't hy út protest fanwege de yn syn eagen net neutrale hâlding fan de Akademy syn lidmaatskip opsei.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Heymans wie in grut foarstanner fan de empiryske metoade en fierde it eksperimint yn wêr't dat mar koe. Yn 1892 rjochte hy yn Grins it earste Nederlânske psychologyske laboratoarium yn, dêr't hy ûndersyk die yn de algemiene psychology. Yn neifolging fan Wilhelm Wundt yntrodusearre hy sadwaande de eksperimintele psychology yn Nederlân.

Heymans' wurkterrein rûn fan de kennislear, metoadology, metafysika, estetika, etyk en heilslear oant de algemiene psychology, spesjale psychology, psychology fan de froulju en parapsychology. Op it mêd fan de psychology ûntwikkele hy de teory fan it psychologysk monisme, dat stelt dat de wurklikheid mar út psychyske prosessen bestiet, en dat it inkel de sintugen binne dy't se as fysyske ferskynsels oan ús foardwaan litte. De "kubus fan Heymans" wie in werjefte fan syn typology.

Publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Heymans skreau in tweintichtal monografyën, wêrfan der inkele postúm ferskynden, en in hûnderttal artikels. In oersjoch fan syn boeken:

  • Einführung in die Metaphysik, Leipzig, Barth 1905
  • De toekomstige eeuw der psychologie, Rede útsprutsen by de oerdracht fan it rektoraat fan de Ryksuniversiteit yn Grins op 20 septimber 1909. Grins, Wolters, 1909.
  • Die Psychologie der Frauen, Heidelberg, Winter, 1910
  • Psychologie der vrouwen, Under tafersjoch fan de skriuwer yn it Ned. oerbrocht troch J.F. van Hees, Amsterdam, 1911
  • De oorlog en de vredesbeweging, Grins 1914
  • Einführung in die Ethik auf Grundlage der Erfahrung, Leipzig, Barth 1914
  • Die Gesetze und Elemente des wissenschaftlichen Denkens, Ein Lehrbuch der Erkenntnistheorie in Grundzügen, Leipzig, Barth, (3e hersj.) 1915
  • Het psychisch monisme, Baarn, Hollandia, 1915.
  • La philosophie de Heymans, G. Heymans & TJC Gerritsen, Paris, Alcan, 1938
  • Beitrag zur Psychologie der tragischen Dramatiker. Eine psychologische Studie, nach Heymans' biographischer Methode bearbeitet, G. Heymans & G. Pannenborg, Den Haach, Nijhoff, 1939.
  • Inleiding tot de logica en methodologie, G. Heymans bewurke en foltôge troch W.A. Pannenborg, Leien, Sijthoff, 1941.
  • Inleiding in de metaphysica op grondslag der ervaring (Einführung in die Metaphysik), G. Heymans, nei de tredde Dútse printinge oersetten troch H. Tulner. Under tafersjoch fan L. Polak, Amsterdam, WB, 1943 (3e).
  • Een schijn-psychologie. Een kritische studie over de psychologie van Heymans en Wiersma, G. Heymans & G. Meijering, Assen, Van Gorcum, 1944. 206 siden
  • De Groninger psychologie en de critiek van dr. Meyering. Met een inleiding van Prof.dr. H.J.F.W. Brugmans. G. Heymans & T.T. ten Have, Grins, Wolters, 1946.
  • Inleiding tot de algemeene psychologie volgens Prof. dr. G. Heymans. Bewurke troch W.A. Pannenborg. Utjûn troch it Heymans-Genoatskip. Grins, Wolters, 1949.
  • Over metafysica en esthetica. Utjûn, ynlieden en fan oantekeningen foarsjoen troch H.G. Hubbeling. Baarn, Ambo, 1987.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • D. Draaisma e.o. - Gerard Heymans: objectiviteit in filosofie en psychologie, Het wereldvenster Weesp, 1983.
  • H.J.F.W. Brugmans - 'Gerard Heymans', Algemeen Nederlands Tijdschrift voor Wijsbegeerte en Psychologie, 49 (1957) side169-183.
  • J.J. Poortman - 'Heymans als parapsycholoog', Algemeen Nederlands Tijdschrift voor Wijsbegeerte en Psychologie, 49 (1957) side 246-250.