Burmaniafeart

Ut Wikipedy
Burmaniafeart by It Kleaster

De Burmaniafeart is in feart yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De feart rint fan Foswert yn east-Ferwert nei it suden en rint by de Ald Piip fierder as Kontribúsjefeart. Oan de eastkant lizze de Hegebeintumer Mieden.

De lokaasje fan it eardere kleaster Foswert ('It Kleaster') leit ek oan de Burmaniafeart. It wetter is ferneamd nei de aadlike famylje Burmania, dy’t ek ferskate grytmannen levere. Gemme fan Burmania hat yn de 16e iuw yn Ferwert wenne.

De eardere Nederlânsktalige Burmaniavaart waard yn 15 maart 2007 offisjeel ferfryske yn Burmaniafeart.