Eanjum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Eanjum
Flagge fan Eanjum Wapen fan Eanjum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Eanjum
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 1155
Webstee Oer Eanjum

Eanjum (Dongeradiel) wie it grutste doarp yn de eardere gemeente East-Dongeradiel. Under Eanjum falle ek de buorskippen Jewier, De Skâns (Oostmahorn), Stiem, Dyksterhuzen, Iezumasyl, Esonbuorren en Teard. Eanjum hat no 1056 ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De namme fan it doarp is faaks te ferklearjen as hiem fan de Ano's of Aninga's. In oare ferklearring soe Hanjum (hoeke) wêze kinne. Der wurdt tocht dat yn de omkriten fan Eanjum al fier foar de jiertelling bewenning west hat.

De terp fan Eanjum is oanlein op in doe al besteande kwelderwâl en yn de rin fan de tiid hieltyd grutter wurden. It doarp hat faak fan wetterfloeden te lijen hân. De Alderheljenfloed (1570) hat hûnderten slachtoffers easke en by de Krystfloed fan 1717 binne der 53 minsken ferdronken. Eanjum hie 57 stimmen.

De herfoarme tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De tsjerke fan Eanjum (2008)
Eanjum fanút it sudwesten (2005)
It stasjon fan Eanjum. Wannear't de foto makke is, is net bekend.
Mûne De Iendracht (2007)
Oarlochsmonumint (2008)

De tsjerke wie wijd oan St. Michaël. Der sitte noch stikken dowestien yn de toer en yn de noardmuorre fan in âldere lytsere tsjerke. Yn 1681 waard de toer fernield yn in swiere stoarm. De Michaëltsjerke is ien kear flink ferlingd mei kleastermoppen dy't as 13e ieusk datearre binne. Ek yn lettere ieuen hawwe der in soad ferbouwings west. Yn 1972/73 is de toer, en yn 1975 de rest fan de tsjerke restaureare. Doe hat men de bouskiednis yngeand bestudearje kind.

Yn de tsjerke is noch in goatysk sakramintshúske. Der is ek in grêfkelder fan de famylje Fan Holdinga. Under yn de toer, dy't twa klokken hie, is it saneamde 'hûnegat' (út begjin 18e ieu) dy't as finzenis brûkt is. De grutte klok is út 1618 is getten troch Hans Falck út Ljouwert; de lytsere briek yn 1943 en is foardere troch de Dútske besetter.

De Fan Holdinga's[bewurkje seksje | edit source]

Stamheit wie Gabe, yn 1449 grytman fan Eastdongeradiel. De bekendste Fan Holdinga hat Gabe's pakesizzer Botte (±1500 - Emden, 1577) west. Hy hat him dwaande hâlden mei it Fryske rjocht. Hy moast útwike nei Emden. In oare jurist hat Wilcko Bottes (±1540-1595) west. Hy hat yn Leuven studearre en wie lid fan it 'Ferbûn fan de Eallju'. Ek dy is útwykt nei Emden. Nei 1580 is er riedshear west by it Hof fan Fryslân. Mei Wilcko's dochter Doed(t) (1569-1646), troud west mei Kempo fan Harinxma á Donia en letter mei Georg Wolfgang baron thoe Schwartzenberg, binne de Fan Holdinga's útstoarn. Eftgenamten fan har, dêr't in protte grytman fan west hawwe, bewennen doe de Holdingastate. [1] Yn 1831 is de Holdingastate, dy't beskreaun waard as in gebou, dat yndruk makke, sloopt. De pleats Ny Holdinga stiet no op it plak fan de eardere sate.

It stasjon[bewurkje seksje | edit source]

Eanjum wei fan 1912 oant 1936 it einpunt fan it spoar fan Ljouwert oer Dokkum, it Dokkumer Lokaaltsje. It stasjonsgebou en de lokomotiveloads binne noch as wenhûs yn gebrûk. It stasjon is yn 1997 yn it nijs kommen. It wie doe in pensjon. De pensjonhâldster hat twa manlju fermoarde. It is lange rjochtsaak wurden. De Nederlânske histoarikus Han Israëls skreau it boek Moord in Anjum oer dizze saak.

De mûne[bewurkje seksje | edit source]

Eanjum hat al in hiel skoft in mûne hân. De earste, in mûne dy't troch in hynder oandreaun waard, wurdt al yn it Register van Aanbreng fan 1511 neamd. Yn 1639 wurdt in wynmûne neamd. Op 24 maaie 1889 waard dy troch wjerljocht troffen. De mûnder hat doe út ûnderdielen fan in oalje- en in seachmûne út Ljouwert in nijenien bouwe litten. Dat is De Iendracht wurden. Yn 1965 hat de gemeente Eastdongeradiel de mûne oernaam en dy yn 1971-72 restaurearje litten. De mûne is no in museum foar âld ark en eksposysjeromte foar Eanjumer keunstners.

Ds. Sipke Huismans[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1901 die de kandidaat Sipke Huismans(1873 - 1924) syn yntree by de Grifformearde Tsjerke fan Eanjum. De Eanjumers wisten eins net hoe't se mei him omgean moasten. De nije dûmny prate Frysk wat yn dy tiid tige ûngewoan wie. De tsjerkerie ferbea Huismans om yn 'e tsjerke en de konsistoarje Frysk te praten.

Huismans hat besocht om de Fryske beweging in djippere grûnslach te jaan. Hy wie ien fan de earsten dy't der op oantreau om it Frysk in eigen ynstitút te jaan. Dêr is fier nei syn dea de Fryske Akademy út fuort kommen. Huismans wie ek yn 1908 mei Anders Minnes Wijbenga ien fan de stifters en de earste foarsitter fan it Kristlik Frysk Selskip.

Yn 1916 krige Huismans in berop nei Zevenhoven, dat er oannommen hat. Yn 1924 is er yn Doetinchem ferstoarn en begroeven yn syn berteplak Loaiïngea.

Yn 1927 kaam de bondel "Ta in Tinkstien" út mei it sammele wurk fan Huismans, besoarge troch syn freon en meistrider dr. G.A. Wumkes.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

It doarpshûs fan Eanjum hjit De Dobbe.

Ferieningen[bewurkje seksje | edit source]

  • De Kolkensjongers - doarpskoar
  • Halleluja - fanfare
  • VV Anjum - fuotbal

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten yn Eanjum.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. J. H. Brouwer e.a., Encyclopedie van Friesland, 1953.