Jouswier
|
|||||
| Gemeente | Dongeradiel | ||||
| Ynwennertal (2004) | 52 | ||||
| Webstee | [] | ||||
Jouswier is in lyts doarp yn de gemeente Dongeradiel, dat wat fansiden de wei fan Ie nei Mitselwier leit. It hat nea in grut doarp west. It hie eartiids mar 6 stimmen. No binne der 52 ynwenners.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Jouswier diel út fan de gemeente East-Dongeradiel.
Ynhâld |
Gebouwen [bewurkje seksje]
Alear wienen in pear states yn it doarp: Eernsmastate en Jangastate. Se wienen yn 1800 al ôfbrutsen.
De tsjerke [bewurkje seksje]
It pronkstik fan Jouswier is de tsjerke. De tsjerke wie wijd oan St. Petrus. De bou fan de tsjinwurdige tsjerke wie yn 1557. Yn 'e rin fan 'e tiid is er faak ferboud. Yn 1978 hat der in restauraasje plak fûn en is de bepleistering fuorthelle. De tsjerke stiet der no wer yn syn âlde gloarje.
De tsjerke is oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
Yn de tsjerke is gjin elektryske ferljochting. Op de banken steane bleakers en der hingje kearsekroanen.
Opfallend binne de trije roubuorden foar de Bergsma's. De Bergsma's hawwe as wapen trije bargen. Dêrtroch wurdt de tsjerke ek wol de "Bargetsjerke" neamd.
De toer [bewurkje seksje]
It bintwurk fan de toer is fernijd yn 1752. Hy hat in sealdaktoer en der hinget in klok út 1395 yn. Dizze is getten troch Hermanus. Yn 1915 is de toer opklampe mei nije bakstien, útsein de eastlike muorre dy't bepleistere waard.
De Bergsma's [bewurkje seksje]
De Bergsma's stamme ôf fan Pyter Arriens (1668- om 1735 hinne). Bergsma urf fan syn beppe de state Berghwegen yn Ingwierrum en it wapen mei de trije bargen.
Pyter waard sa in man fan stân, mei in protte lân. Hy waard notaris yn Dokkum. Syn neiteam brocht it fier. Willem Bergsma hat it ta grytman fan East-Dongeradiel brocht.
De Jouswierster polder [bewurkje seksje]
Ieuwenlang leinen súdeast fan it doarp twa lytse markes. It Jouswierster Mar en it Mellema Meertje. Dy leine oan in natuelik wetter, de Mûzeryd, dat fan súdwest nei noardeast troch de Marlannen rint en op 'e Suderie útkomt. It part fan dy ryd, noard fan de wei Mitselwier-Ie, is in soarte fan opfeart. It Jouswierster Marke is yn 1855 droechmeald. Sûnt lost in mûne it wetter troch in tochtsleat, westlik, op 'e Suderie. De wynmûne is yn 1926 ferfongen troch in elektrysk gemaal.
Mienskip [bewurkje seksje]
It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang. De tsiisbuorkerij fan de famylje van Zelderen is ferneamd nei de eardere mar; 'it Marlânner Tsiishûs'. De bekende Fryske dichter A.M. Wybenga (1881 - 1948), ferwurde it doarp en syn omkriten mei it fers:
|
Jouswier, Dou bist mar in pjut fan in doarpke, Seis huzen en in âld tsjerkje, Dou hast mar in himpen fatsoentsje: Nou steane op it oerbleaune klobke Mar dochs, as yn leaflike jounen Dan likest in eilân yn ‘t sulver, Do leist dêr yn ‘t mids fan dyn greiden Wol bistou de lytse fan trettjen, |
Befolking [bewurkje seksje]
Strjitten [bewurkje seksje]
Bergsmawei, Humaldawei, Winia 's Reed.