It Stienfek

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Foaroansicht fan it kafee op it Stienfek dêr't de boat oanlei dy't op Ljouwert fear.

It Stienfek is in buorskip ûnder Ie oan it Dokkumer Grutdjip. Neist Stienfek wurdt ek skreaun oer Steenvak, Stienfeksterbrêge en Steenback. De namme wiist op de oanwêzichheid fan stienbakkerijen dêr't klaai foar ôfgroeven waard.

Eartiids stie der in herberch by de oerset oer it Grutdjip. Yn 1928 kaam der in brêge. It kafee is troch brân ferlern gien.
Yn 1915 waard hjir de koöperative suvelfabryk 'Ee en Omstreken' stifte. It fabryk hat ein 1977 de doarren sletten. Neitiid binne de bedriuwsgebouwen ûnder oaren as karavanstalling brûkt.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels