Grutte Provinsje Atlas Fryslân

Ut Wikipedy

Grutte Provinsje Atlas Fryslân is in atlas fan Fryslân, fan 1989 ôf útjûn troch Wolters-Noordhoff as part fan de Grote Provincie Atlas. De fjirde edysje, yn 2000, waard yn gearwurking mei de Afûk folslein twatalich makke. De skaal fan de kaarten is 1:25.000.

De atlas is in útjefte fan de kaarten fan de Topografyske Tsjinst dy't Fryslân omfieme. De atlas hat in histoaryske tsjinhinger yn de atlas Fryslân 1853-1856.