Ie (Dongeradiel)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ie
Flagge fan Ie Wapen fan Ie
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ie
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (1974) 897
Webstee Oer it doarp
Grutte Loane 9
Omgang 4

Ie is in doarp yn de gemeente Dongeradiel.

Fan Ie wurdt wol sein dat it in foarbyld is fan in terpdoarp. De trije strjitten (Lytse Loane, Grutte Loane en Hege Loane), mei wat sydstrjitsjes, komme allegearre op de Omgong, de boppeste ringwei fan de terp, om it tsjerkhôf, út. In twadde ringwei leit om de foet fan de geve terp. It doarp is ien fan de beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân. Ee is de koartste plaknamme yn Fryslân, de ienige ek mei twa letters yn Nederlân. Wa't no troch Ie rint, kin no noch in foarstelling meitsje oer hoe't it doarp der sa tusken 1700 en 1900 útsjoen hawwe moat.

Om het doarp hinne lizze de buorskippen Lyts en Grut Midhuzen, Tibben, Ald Terp, Dykshoarne en Brânbuorren. Yn de 16e ieu wiene de Mockema's belangryk foar it doarp. Yn harren stins op Grut Medhuzen. Nei in fûle striid waard de stins mei kanonnen besketten en ferovere troch de Saksen ûnder lieding fan Schelto Tjaerda, Taeko Heemstra en Tjalling Lieuwes Jellinga. Poppe Obbema (fan Obbemastatie, Ald Terp, ek troch de Saksen ferovere) kaam dêr by om it libben. De Mockema's wurde opsluten yn de Sjaardema stins yn Frjentsjer. Fjouwer manlju wurde rêdbrake en twa wurde pealle.

De âlderdom[bewurkje seksje | edit source]

Ut fynsten docht bliken dat Ie al begjin fan de jiertelling bewenne wie.

Ie hat yn 'e rin fan de tiid in wichtich doarp yn East-Dongeradiel west. It doarp hie 50 stimmen. Guon aadlike slachten hawwe dan ek grytmannen levere.

De Herfoarme tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De Iester toer, dy't 32 meter heech is, is al fan fierren te sjen. Ie hie earst in sealtektoer. Dy waard boufallich om 1840 hinne en doe hat de gemeente der yn 1869 nije toer mei in spits delsetten. Yn 1971 is de toer restaurearre.

Der wurdt oannaam dat de tsjerke boud is op oantrunen fan it ferneamde kleaster Mariëngaarde by Hallum, dat sûnt 1170 ta de Abdij fan Dokkum hearde. De tsjerke wie wijd oan de Hillige Jariglulfius dy't om 1240 hinne abt fan Mariëngaard west hat. It boujier kin dêrom om 1250 hinne steld wurde. Yn 'e rin fan de skiednis is der it ien en oar oan ferboud. De noardmuorre is romaansk en de súdmuorre is goatysk.

Yn de tsjerke binne trije hearebanken en oan de muorren hingje njoggen roubuorden fan Iester aadlike slachten.

It hûnegat, dêr't de Iesters dy't net om lyk woenen, ynearsten opsletten waarden is der noch.

Mûnen[bewurkje seksje | edit source]

De mûne oan it haventsje, ± 1930

Ie hie al yn 1636 in nôtmûne dy't net út koe, neffens in list fanwege de Steaten fan Fryslân opsteld. Op de Schotanuskaarten fan 1664 en 1718 komme ek mûnen foar. Yn de 18e en 19e ieu binne de eigendomsrjochten fan de mûnen bekend. Yn 1809 wurdt der sprutsen fan fjouwer mûnen: twa nôt- en pelmûnen en twa houtseachmûnen. Op ien nei binne dy ôfbrutsen tusken 1842 en 1855. De lêste mûne, in achtkante boppekruier mei stelling, is ôfbaarnd op 3 septimber 1962.

It Braakhok[bewurkje seksje | edit source]

It eardere braakhok is no in flaaksbewurkingsmuseum. Der wurde op fersyk demonstraasjes jûn hoe't it flaaks bewurke waard.

Tongblier[bewurkje seksje | edit source]

Op 11 april 2001 briek der op Grut Midhuzen tongblier üt. Der rekken 37 bedriuwen by belusten. Der moasten 55 kij, jongfee en skiep, dy't fertocht wienen, romme wurde.

Foeke Sjoerds[bewurkje seksje | edit source]

De histoarjeskriuwer Foeke Sjoerds is yn 1713 yn Ie berne en hat dêr skuonmakker west. Letter waard er skoalmaster yn Moarre en Easternijtsjerk. Syn wurk wurdt no noch rieplachte. Hy koe, om't er gjin akademyske opleiding hân hie, gjin lânhistoarikus wurde. Uteinlik is hy it yn 1770 dochs wurden, mar hy hat noait oan it wurk west, want hy is yn dat jier ferstoarn.

Master besocht dûmny yn 't fet te draaien[bewurkje seksje | edit source]

Yn de santiger jierren fan de 18e ieu wie Jan Goslings skoalmaster yn Ie. Hy hie it bêste ynkommen fan alle skoalmasters yn East-Dongeradiel, om't ek ek bysitter yn it gerjocht wie. Master liet him net folle op skoalle sjen. It lesjaan liet er oan syn soantsje fan 11 jier oer. Der kamen klachten, yn 't lêst skreauwen de âlden in brief op poaten nei de Steaten. Ien fan de nammen dy't ûnder it brief stienen, wie dy fan dûmny Revius.

Goslings fielde him bedrige en socht om in foar him geunstige útwei. Goslings stelde in ferklearring op, wêryn stie dat ds. Revius him misdroegen hie yn de herberch fan Dokkumer Nije Silen. Hy gie dêr mei nei de kastlein Tsjeard Durks. Goslings sei dat hy fjouwer tsjûgen hie en oft Tsjeard ek efkes tekenje woe. Tsjeard lies it en betocht dat Goslings it wol hiel moai makke hie. Hy wegere dan ek om syn namme der ûnder te setten, want op dat stuit hie hy er sels dronken west. Boppedat hie Goslings al fjouwer tsjûgen.

Goslings koe mei lege hannen wer nei Ie werom. Dûmny ûntkende alles, mar hy wist wol hoe't it ferhaal yn'e wrâld kommen wie. Hy hie nei Kollum west en op Nije Silen soe der efkes oanstekke. Der wie net ien yn'e herberch. Dûmny hie him doe sels mar betsjinne en letter hie er mei Tsjeard ôfrekkene.

Komboerd Ie

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Doarpshûs De Jister is multifunksjoneel. It bestiet út in sportakkomodaasje en in horekadiel dy't by grutte eveneminten ta ien seal makke wurde kinne. De feriening foar Doarpsbelang út 1947 komt hjir gear en jeugdhonk Skûlplak sit der by yn. Troch it fjouwer kear yn jier ferskinende "Iester Nijs" bliuwt elk fan alles op'e hichte. Ien kear yn de trije jier is der in doarpsfeest. De Gearing is de basisskoalle fan it doarp.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten fan Ie

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen.