Muntsjesyl
|
|||||
| Gemeente | Kollumerlân | ||||
| Ynwennertal (2007) | 517 | ||||
| Webstee | Webstee Kollumersweach | ||||
Muntsjesyl, earder Muontsjesyl, is it meast eastlike fan de 12 doarpen yn de gemeente Kollumerlân. It doarp hat likernôch 517 ynwenners.
It doarp leit oan de Muntjesylster Ryd, tsjin Grinslân oan. It doarp hat tsjintwurdich in passantehaven. Opfallend yn it doarpsbyld is de Muntsjesylstermûne in de folksmûle ek wol Rust Roest neamd. De mûne hat in stienen ûnderbou üt 1856. De mûne is in reiddekte achtkante stellingmûne.
Súdlik fan it doarp leit in âlde bôgebrêge fan 1802, it Pypke neamd.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Muntsjesyl is in kûmdoarp dat yn de lette midsieuwen ûntstien is by de yn 1476 troch Sistersjinzer mûntsen fan Gerkeskleaster sleine slûs yn de Lauwers, dy't it troch harren bedike lân beskermje moast. De slûs is in tal kearen ferlein en fernijd. Oan de ein fan de 16e ieu waard ferdigeningsskâns oanlein. De bouw fan de tsjintwurdige slûs yn 1741 foarme in ûnderdiel yn de ferbettering fan it Syldjip en de Muntjesylster Ryd.
[bewurkje seksje] Herfoarme tsjerke
It hat lang duorre foar't Muntsjesyl sels in tsjerke krige. Dy is der kommen mei in subsydzje fan de Steaten yn 1655. It liket derop dat de Boerumers der net folle foar fielden, want der is tsien jier oer de bou dien. Op 13 augustus 1665 hold ds. Johannes de Grauw syn earste preek yn de nije tsjerke. Oant 1856 ta waarden de tsjerketiden oanjûn troch in hoarn. Der waard om de safolle tiid wer wat oan de tsjerke ferboud. Yn 1899 waard besletten om it ris goed oan te pakken. De arsjitekt H.A. Zondag krige de opdracht om in fernijde tsjerke te ûntwerpen. Zondag liet him ynspirearje troch de Renessânse. Boerum en Muntsjesyl foarmje altyd noch in tsjerklike kombinaasje.
Muntsjesyl hat in oargel út om 1755 hinne. Wa't it boud hat is net bekend. Wis is dat de barokke kast makke is foar rooms-katolike skûltsjerke 'In den Toren' te Amsterdam . Fia de grifformearde tsjerke yn Ommen is it yn Muntsjesyl te lâne kommen. Yn 1985 hat de oargelbouwer A.J. Opten it ûnder hannen hân.
[bewurkje seksje] Gifformeare tsjerke
De grifformearde tsjerke, dy't tsjerklik ta Grinslân rekkene wurdt, boude yn 1913/14 in nije tsjerke. It ûntwerp wie fan de bekende Grinzer tsjerke-arsjitekt Egbert Reitsma.
[bewurkje seksje] Mûne
Yn it doarp stiet de yn 1856 boude nôtmûne Rust Roest, dy't ek wol de Muntsjesylster Mûne neamd wurdt.
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarpshûs hjit De Skâns.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Biljertferiening Munnekezijl
- Biljertferiening De Missertjes
- iisklup De Lauwers
- muzykferiening Tida Kira
- skuttersferiening 't Mikpunt
- Fuotbalferiening De Lauwers
- Motor Toerclub Muntjeziel
- kuorbalklup De Lauwers
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|