1566
Ut Wikipedy
Ieuwen: 11e - 12e - 13e - 14e - 15e - 16e ieu - 17e - 18e - 19e - 20e - 21e
Jierren: 1561 - 1562 - 1563 - 1564 - 1565 - 1566 - 1567 - 1568 - 1569 - 1570 - 1571
Ynhâld |
Foarfallen [bewurkje seksje]
- De festingstêd Sluis yn Sieusk-Flaanderen wurdt troch Filips II, de soan fan keizer Karel V, ferkocht oan Brugge.
- Der is grutte hongersneed yn de Nederlannen, neidat troch in strange winter de rispingen mislearre wiene en der gjin nôt ymportearre wurde koe.
- 5 april - 200 lege Nederlânske eallju biede lânfâdesse Margareta fan Parma in petysje oan, it Smeekskrift, in fersyk om fersêfting fan de leauwensplakkaten en beperking fan de Ynkwisysje. Hja stimt ta, mar Filips II net.
- 3 augustus - Ferbod op de hagepreken.
- 10 augustus - Begjin fan de Byldestoarm yn Flaanderen, begûn troch oanhingers fan predikers dy't de rk-leare suverje wolle en oernommen troch de kalvinistyske noardlike gewesten. It kleaster fan Sint-Laurentius by it Flaamske Steenvoorde wurdt troch kalvinisten bestoarme en fan binnen hielendal fernield. De byldestoarm sil in moanne lang troch de Nederlannen raze. De ynterieurs fan party tsjerken en kleasters wurde dêrby fernield.
- 20 augustus De fury berikt Antwerpen.
Byldzjende Keunst [bewurkje seksje]
-
Folkstelling Bethlehem (1566) Pieter Brueghel de Alde
Berne [bewurkje seksje]
- 19 juny - Jacobus Stuart, de takomstige kening Jakobus I fan Ingelân.
- 20 juny - Sigismund III fan Poalen, kening fan Poalen en Sweden († 1632)
- Isabella Clara Eugenia, ek bekend as Isabella fan Spanje, fan 1598 oant 1621 foarstinne en nei it ferstjerren fan har man Albrecht fan Eastenryk fan 1621 oant har dea yn 1633 lânfâdesse fan de Súdlike Nederlannen.
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- april
- 26 - Diane de Poitiers (66), eardere maîtresse fan kening Hendrik II fan Frankryk
- july
- 2 - Nostradamus (62) (Michel de Nostredame)
- 17 - Bartolomé de Las Casas (92), Spaansk geastlike dy't it opnaam foar de bewenners fan it krekt ûntdutsen Amearika.
- septimber
- 6 - Süleyman I (71), sultan fan Istanbûl sûnt 1520
Jierren: 1561 - 1562 - 1563 - 1564 - 1565 - 1566 - 1567 - 1568 - 1569 - 1570 - 1571
Ieuwen: 11e - 12e - 13e - 14e - 15e - 16e ieu - 17e - 18e - 19e - 20e - 21e