Fokko Ukena

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Okko II tom Brok as finzene foar Fokko Ukena nei de Slach op de Wylde Ikers.

Fokko Ukena (Neermoer 1370? - Dykhuzen 1435), yn âlde skriften skreaun as Focko Ukena, wie in ynfloedrike haadling yn it tiidrek fan de Fryske frijheid. Hy spile in wichtige rol yn de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers yn de provinsjes Grinslân en Fryslân. Dêrneist wie hy de foaroanman yn it ferset tsjin de konsolidaasje fan it lânshearlik gesach troch de famyljes Tom Brok en Sirksena yn East-Fryslân. De troch Ukena opstelde willekeuren of wetten binne de lêste wetten dy't min of mear jild hawwe yn it hiele Fryske gebiet tusken Fly en Weser.

Famylje en Libbensrin[bewurkje seksje | edit source]

Fokko Ukena kaam út in earm mar âld haadlingelaach út Neermoer of Edermoer yn Eastfryslân. De namme fan syn heit wie Uko en dêrom waard er Ukena neamd. Syn mem wie Amke fan Lengen fan it laach Ripperda. Troch syn houlik mei Theda fan Reide koe er syn besit útwreidzje. Ut dat houlik waarden twa jonges berne, Uko Fokkena en Udo Fokkena, en twa dochters, Amke en Bawe. Syn twadde houlik wie mei Hidde fan Dykhuzen, dy't him de stins Dykhuzen by Appingadam, Weiwerd, Wirdum en Oterdum oanbrocht. Ut dat twadde houlik krige hy ien bern, in famke Ulske.

Fjirtich jier hat Fokko Ukena foaroanman west fan de Fryske frijheidstriders tusken Fly en Weser. Sa no en dan hie er de seerôvers fan de Fryske kusten, de saneamde ‘likedielers’ (de eardere Fiktaaljebruorren), as bûnsmaten en focht er foar de Fryske ienheid, soms mei de tom Broke en de Fetkeapers, en dan wer mei de Skieringers, meastentiids tsjin Hamburch, Aldenboarch, Bremen, en sa no en dan tsjin de stêd Grins.

Yn âlde kroniken wurdt Fokko Ukena beskreaun as in grutte ferskining (hy stuts mei de holle boppe it folk út), in romroft oanfierder en lieder.

De Fryske frijheid en de rol fan Ukena[bewurkje seksje | edit source]

De Fryske lannen tusken Fly en Wezer om it jier 1300 hinne.

Yn it noarden fan it tsjintwurdige Nederlân, rûchwei de hjoeddeiske provinsjes Grinslân en Fryslân, bestie yn de 13e ieu feitlik gjin lânhearlik gesach. Dat gou ek foar it oanswettende East-Fryslân. Dat ûntbrekken fan in heger, sintraal gesach wurdt oantsjutten as it tiidrek fan de Fryske Frijheid. Yn de rin fan de 15e ieu waard dy frijheid fan ferskillende frjemde machten bedrige.

Yn it doetiidske East-Fryslân besocht it geslacht tom Broke in lânseigen dynasty te festigjen en yn wat tsjintwurdich de Nederlânske provinsje Fryslân is besochten de greven fan Hollân harren ynfloed út te wreidzjen. Ek de stêd Grins woe syn macht hieltyd fierder útwreidzje. Dêrneist wie der ek noch yn ynterne striid tusken de Skieringers en Fetkeapers.

Ukena wie yn 't foarste plak legeroanfierder fan Keno tom Broke. Yn dy rol oermastere hy yn 1415 de stêd Grins op de Skieringers en werstelde de macht fan de Fetkeapers. By Noardhorn fersloech hy yn 1417 Sicka Sjaerda en besette yn 1418 Dokkum. Nei it werom feroverjen fan Dokkum troch de Skieringers sette hy by Hylpen oan lân en wûn de Slach oan de Palesleat tsjin de Skieringers. Hy naam Starum yn en belegere Sleat, mar waard troch de troepen fan Jan fan Beieren, de greve fan Hollân, ta wiken twongen yn 1420.[1] Ukena ûndertekene op 1 febrewaris 1422 as earste de Frede fan Grins tsjin alle frjemde lânhearen. Hy striid dêrnei mei de Hanzeaten tsjin de Likedelers en ferdriuwt dy út Iezumasyl en Dokkum. Letter kearde hy him tsjin tom Broke en is benammen aktyf yn it hjoeddeiske East-Fryslân. Dêr hat er yn 1427 te krijen mei in oantal machtige tsjinstanners lykas de biskop fan Munster, de greve fan Aldenboarch, de stêd Grins en in grut tal eallju. Lykwols hellet hy in stikmannich oerwinnings efter elkoar mei as grutste wapenfeit de oerwinning yn de slach op de Wylde Ikers by Feanhuzen. Hy komt ta oerienstimming mei de biskop fan Munster en lûkt triomfearjend de stêd Grins binnen. Datselde jier makket Fokko Ukena in ferbûn fan tweintich jier mei de Friezen fan de Ommelannen en noch oare Friezen. Hy stelde wetten op dêr't ek de stêd Grins by ynbegrepen waard.

De rol fan Okko tom Broke, de soan en opfolger fan Keno as Fryske hearsker, is dan útspile mar al gau komt der in nij ferbûn fan 'e grûn mei ferskillende haadlingen ûnder lieding fan it hûs Sirksena fan Greetsyl. Yn de striid mei it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen moat Ukena yn de Slach by Bargeboer belies jaan en lûkt him dêrnei werom nei de boarch Dykhuzen by Appingedam. Dêr stjert hy yn 1435.

De willekeuren fan Ukena[bewurkje seksje | edit source]

Nei de oerwinning op de Grinzers yn 1428 regele Ukena de Fryske rjochtspraak. Yn stee fan de ‘gemenelands warven’, dy't sûnt 1361 yn de stêd Grins hâlden waarden, krige elts goa lykas alear de eigen rjochtspraak werom. Dy wetten befetsje oanwizings foar de beneaming fan rjochters troch de hegerein "wisheit elkes landes" yn oerlis mei de geastlikheid en mienskip "de wisheit fan de mente". De Fryske lannen ferbûnen elkoar om noed te stean foar de Fryske frijheid - "dar se met Godts genade to komen siin". Ek by ‘water-noet’ soenen sy elkoar helpe. It ûnderling ferkear foar Friezen fan alle gouwen wie frij al bleaunen de tollen bestean. De willekeuren fan Ukena binne skreaun yn in oergongstaal. In protte is noch skreaun yn it Aldfrysk, mar der is wol in Saksyske ynfloed yn te fernimmen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. bertsgeschiedenissite.nl oer de Skieringers en Fetkeapers
Symbol support vote.svg