Titia Brongersma
Titia Brongersma (± 1650, Dokkum - ±1700, Grins) wie in Frysk-Grinzer dichteresse oan de ein fan de 17e ieu. Yn 1686 ferskynde fan har in printe bondel, De Bron-swaan.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Ynhâld
Brongersma stiet bekend om har húslike ûnderwerpen (borduerje, blomskikke, boetsearje) en har leafdesgedichten oan Elise (Elisabeth Joly). Sy skreaun lofdichten op ûnder oare de Fryske dichter Adriaan Tymens, de Grinslanner arts Ludolph Smids, de Fryske dichteresse Eelkje van Bouricius en de Amsterdamse dichteresse Katharyne Lescailje. Ek steane yn har bondel fjouwer gedichten yn it Frysk en in stikmannich oersettings fan de Frânske dichter Ronsard
Neist har dichtwurk waard Titia Brongersma bekend fanwege har ûndersyk nei Hunebêden; yn 1685 liet hja in "opgestapelde steenhoop" yn Borger (Drinte) opgrave.
[bewurkje seksje] Gedicht fan Titia Brongersma
Sibrich sis, wêr fyn ik dy?
- Sibrich sis, wêr fyn ik dy?
- Bring ús de kij fan ‘e ikkers mei
- mar lit de keallen rinne:
- driuw de âlde rún
- yn ‘e kamp by de tún
- en de rierren yn ‘e finne.
- Sjoch ris yn ‘e jarresleat
- of dêr de tuolle leit of neat?
- Do moaste fjouwer melke.
- De oare seis of acht
- nim ik dy wol te wacht
- of setst dêroan ús Jelke?
- Rop dat Dirk, dy swetsersman,
- de brijpoat bringt en drinkelskan.
- en rist foar dy twa weinen.
- Farre jim hastich foart?
- De tiid is oars te koart:
- my eanget it foar reinen.
- Hark ris ju, ik soe it oars ferjitte,
- gjin mannen tsjin dy swetse litte,
- en kenst de goede herne:
- by de skuorredoar,
- witst it ien en oar,
- dêr heart te stean ús tsjerne.
- Flij hjouwer yn ‘e hoek’,
- do witst it wol, wês koart en kloek,
- ik moat it iten koaitsje.
- Rep jimme tel,
- ús Bote komt snel,
- no moat ik it flaaks earst ploaitsje.
(Yn: De Bron-swaan)
[bewurkje seksje] Publikaasjes
De Bron-swaan of mengeldigten van Titia Brongersma. Grins, 1686.
Mooglik hat der noch in twadde dichtbondel west: Hemelse Orgeltoonen (gjin eksemplaar bekend).
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Literatuer
- Met en zonder lauwerkrans. Schrijvende vrouwen uit de vroegmoderne tijd 1550-1850: van Anna Bijns tot Elise van Calcar. Under redaksje fan Riet Schenkeveld-van der Dussen, Karel Porteman, Lia van Gemert en Piet Couttenier. Amsterdam University Press, Amsterdam, 1997, 970 s. Hjiryn: L.E. Jensen, Titia Brongersma. Centrum van vriendinnenkring. (side 413-417).
- Lotte Eilskov Jensen en Harm Nijboer - Titia Brongersma. Een Friese dichteres in de 17e eeuw, yn: Fryslân, Nieuwsblad voor geschiedenis en cultuur, jg. 4 (1998), nr. 2, siden 3-5. Online beskikber