Hunebêd
Ut Wikipedy
In hunebêd of dolmen is in megalityske (Gryksk: mega = grut, lithos = stien) stienkeamer út de prehistoarje, troch minsken makke, dy't bestiet út steande draachstiennen, oerdekt troch platte dekstiennen. Hunebêden en oare dêrmei te fergelykjen bousels binne yn hiel Noardwest-Jeropa fûn fan Portegal oant Denemark en yn Grut-Brittanje en Ierlân. Guons hawwe oan de binnenkant ynskripsjes of fersiersels dy't yn de stien beitele binne. Eartiids waarden hunebêden oerdekt mei ierde sadat sy op grutte heuvels liken.
Yn Nederlân steane noch 54 hunebêden, dêr't 52 fan yn de provinsje Drinte. De oare twa steane yn de provinsje Grins. In skoftlang is der ek fan útgongen dat yn Gaasterlân yn Fryslân oerbliuwsels fûn wienen fan in hunebêd, mar út letter ûndersyk dy bliken dat hjir sprake wie fan in saneamde stienkiste. Troch A.E. van Giffen waard yn de earste helte fan de 19e ieu foar it earst strukturearre argeologysk ûndersyk dien en oer de hunebêd publisearre.
In soad hunebêden binne yn de rin fan de ieuwen fernield, omdat de stiennen brûkt waarden as boumateriaal foar wegen en huzen. In goed foarbyld is de Grutte Tsjerke yn Emmen dêr't foar de ûnderkant fan de toer stiennen fan hunebêden brûkt binne. Ek binne guon hunebêden ferwoaste troch religieuze fanaten yn earder tiden, omdat sy se as heidenske bouwurken beskôgen.
|
Hunebêd by Bronneger
|
[bewurkje seksje] Skiednis
De hunebêden binne boud yn de stientiid, sawat 5000 jier lyn troch folken dy't oantsjutten wurde mei de sammelnamme Trachterbekerkultuer. Dizze namme is ôflaat fan de foarm fan harren ierdewurk. Nei alle gedachten foarme dizze folken troch harren grutte ferspriedingsgebiet gjin homogeen geheel. Oer de skiednis fan dit folk is amperoan wat bekend.
Wittenskippers tinke dat it hunebêd in prehistoaryske grêfkeamer west hat, mar dat is lykwols net goed bewezen, omdat skeletten of resten fan minsken út dy tiid ûntbrekke. Dat soe komme kinne troch de tastân fan de boaiem: skeletten kinne folslein fergien. Wol binne der grutte oantallen foarwerpen fûn yn sawat alle hunebêden. Dat lêste soe der op wize kinne dat de hunebêden wol wer brûkt waarden as begraafplak. Mooglik hienen hunebêden foar dizze minsken in religieuze betsjutting en fungearre it as hillichdom.
De stiennen dêr't de hunebêden mei boud binne komme út de Skandinavyske lannen (Noarwegen en Sweden). Se binne yn Nederlân bedarre yn de Iistiid troch it skowende lâniis. Doe't alle iis oan de ein fan de iistiid smolten wie bleaunen de meifierde stiennen achter.
[bewurkje seksje] Megaliten
Yn hiel Noardwest-Jeropa binne megaliten fariearjend yn grutte fan inkele meters oant soms wol tweintich. Benammen yn Frankryk by Karnak en yn Ierlân en Grut-Brittanje komme se in soad foar, bygelyks Stonehenge. Har komôf is krekt as mei de hunebêden ûndúdlik en ek net seker dat dizze troch minsken fan de trachterbekerkultuer oprjochte binne. Foar de bou fan de megaliten en de hunebêden binne lykwols deselde soarte fan stiennen brûkt.