Trachterbekerkultuer
Ut Wikipedy
De trachterbekerkultuer is in prehistoaryske kultuer dy't om-ende-by 3400 f.Kr. yn Jeropa opsetten kaam en oant en mei 2900 f. Kr. yn swang bliuwe soe. De kultuer krige har namme troch de typyske ierden bekers mei trachterfoarmige hals dy't fan dat folk fûn binne. Sy yntrodusearren de lânbou yn Jeropa, wienen kundige stienbewurkers en op guon plakke hawwe sy mysterieuze bousels efterlitten lykas de Hunebêden.
[bewurkje seksje] Fersprieding
Fynsten fan de trachterbekerkultuer binne fûn yn Nederlân, it noarden fan Dútslân en Poalen, yn Denemark en yn parten fan Noarwegen en Sweden. Neffens it hjoeddeistige ynsjoch fan de argeologen kinne fiif regionale groepen ûnderskieden wurde:
- Súdeastlike groep yn Súd-Poalen en de Oekraïne,
- Westlike groep yn Nederlân en it noarden fan Dútslân oant en mei de Weser,
- Noardlike groep mei it boppeste diel fan Dútslân en yn Skandinaavje,
- Eastlike groep yn Noard-Poalen.,
- Súdlike groep yn it suden fan Dútslân en yn Tsjechje.
Yn Nederlân binne op ferskate plakken resten werom fûn fan dizze kultuer. De Nederlânske fertsjintwurdigers hawwe yn Drinte en Grinslân de hunebêden boud.
[bewurkje seksje] Keramyk
It typyske stienguod fan de trachterbekerkultuer is karakteristyk foar dizze kultuer. It waard benammen makke fan klaai en hienen oeral deselde karakteristike foarmen. Foarmen dy't foar kamen binne blomkefaasfoarmige stânfoetbekers, amers, kuorren, skalen, kraachhalsfleskes en sûchfleskes.
[bewurkje seksje] Lânbou
De foargongers fan it folk fan de trachterbekerkultuer wienen noch jager-samlers, de nijkommers yntrodusearren de lânbou. Sy ferbouden iennôt en amerweet op lytse perselen boulân dy't om harren huzen hinne leinen. Foar it swiere wurk brûkten sy oksen. It fee dat sy hoeden bestie út kij, skiep, bargen en geiten.

