Stonehenge

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Stonehenge
Stonehenge
De Heelstone mei yn de fierte tumuli (grêfhichten)
Plattegrûn Stonehenge (2007)

Stonehenge is in megalitysk momumint út de Prehistoarje. It leit tichtby it plakje Amesbury, op de Salisbury Plain, yn it Ingelske greefskip Wiltshire. It monumint bestiet út grutte stiennen dy't yn in sirkel steane. It wurd henge yn "Stonehenge" is fan Germaanske komôf en betsjut sokssawat as "hingje". Nei alle gedachten waard Stonehenge boud tusken 3500 en 1500 f. Kr., in krekte datearring is lykwols net te meitsjen. Wat de bouwers mei de konstruksje fan doel wienen is tsjuster. Der binne guons dy't tinke dat it brûkt waard troch prehistoaryske astronomen, oaren hâlde it derop dat it te krijen hat mei religy.

Lyksoartige bousels - alhoewol net krekt itselde - binne fûn yn:

Undersyk nei funksje[bewurkje seksje | edit source]

Argeologen fan de universiteit fan Sheffield hawwe mei koalstofdatearring fan jiske-oerbliuwsels fan minsken sjen litte kinnen dat it monumint krekt nei syn opjochting yn 3000 f.Kr. in rol spile hawwe kin yn in deadekultus. Dy funksje soe it plak oant 2500 f. Kr. hân hawwe[1]. Ek by stientiidmonuminten yn de omkriten fan Stonehenge binne oerbliuwsels fan kremearre minsken oantroffen. Guon saakkundigen hâlde it op resten fan in elite of dynasty fan hearskers.

Opgravingeen stipe fan National Geographic op it stee fan Durrington Walls yn de Stonehenge World Heritage site hawwe in grutte delsetting bleatlein, dêr't hûnderten minsken wenne hawwe kind. Guon argeologen tinke dat de bouwers fan Stonehenge dêr tahâlden hawwe.[2].

Under ien fan de megaliten fan Stonehenge is koperoxide fûn, wat betsjutte kin dat dêr in koperen ding as in soarte fan 'bouwoffer' bedobbe is.

Yn septimber 2008 makken Britse archeologen, foar it earst sûnt 1946, nije befinings bekend.[3]. Sy datearren it monumint op 2300 f.Kr., dat is 300 jier jonger as wat earder oannaam waard. Neffens dizze ûndersikers wie Stonehenge in soarte fan 'sûnenssintrum', omdat der is soad bonkerakken fan minsken mei in oandwaning fûn waarden, dy't boppedat ek fan oare plakken yn de omkriten lykje te kommen. Dizze argeologen sjogge Stonehenge as in Lourdes fan de âldheid[4]. Neffens de ûndersikers hienen fral de blauwe stiennen (út Wales) in wichtige funksje.

Yn july 2010 waard op 900 meter fan Stonehenge in oare henge mei pealgatten ûntdutsen. De fynst is dien yn it ramt fan it Stonehenge New Landscapes Project. It projekt sil oant yn 2013 duorje en wol in byld jaan fan it lânskip yn de tiid fan de bou fan Stonehenge en de relaasje mei stientiidmonuminten yn de omkriten.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. University of Sheffield (2008, May 30). Stonehenge Could Have Been Resting Place For Royalty. ScienceDaily. Retrieved August 2, 2008, from http://www.sciencedaily.com /releases/2008/05/080529195341.htm
  2. National Geographic Society (2007, January 30). Huge Settlement Unearthed At Stonehenge Complex. ScienceDaily. Sjoen August 2, 2008, from http://www.sciencedaily.com /releases/2007/01/070130191755.htm
  3. Elsevier.nl - Wetenschap - Stonehenge was het 'Lourdes van de steentijd'
  4. HLN: reisnieuws - Stonehenge was Lourdes uit de Steentijd (225460)
  5. [1] , Archaeologists unearth Neolithic henge at Stonehenge,BBC News 2010-07-22