Sheffield

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wapen Sheffield
Sheffield
Sheffield montage.jpg
Lân Feriene Keninkryk
Distrikt: Sheffield
Provinsje: Súd Yorkshire
Krite: Yorkshire and the Humber
Ynwennertal 513,234 (2001)
Oerflak: 367,9 km² km²
Tiidsône: Greenwich Mean Time
Boargemaster: Graham Oxley
Webside: Webstee Sheffield
Lizzing Sheffield

Sheffield is in distrikt en stêd (city) yn Súd Yorkshire, Noard-Ingelân, mei 512.242 ynwenners, dat de stêd is nei ynwennertal de tredde fan Ingelân. Yn de agglomeraasje om de stêd hinne wenje sa'n 1,37 miljoen minsken.

Eartiids wie Sheffield fral in yndustrystêd, dy't yn de 19e ieu wrâldferneamd wie fanwegen it bêst stiel dat dêr makke waard. Op dat mêd waarden in soad pleatslik ûnwikkele fernijingen tapast, sa as stainless stiel. Yn it tiidrek fan de Yndustriële Revolúsje feroarsake dat in fertsienfâldiging fan it ynwenneroantal. Troch ynternasjonale kompetysje en konkurinsje rekke de stielyndustry yn de jierren 1970/80 yn de nederklits, tafallich tagelyk mei delgong fan de stienkoalminen yn dy kriten.

Begjin 21e ieu lit in soad nije ûntjouwings sjen yn Sheffield en oare Britske stêden. Sheffield's ekonomy waakst stadichoan, mear as yn oare parten fan Yorkshire en Humber. Sheffield is in wichtich tsjinstesintrum wurden, dêr't ek in tal grutte banken sitte. De stêd hat in eigen tramsysteem, de Sheffield Supertram.

De stêd Sheffield leit op in punt dêr't fiif rivieren byinoar komme, en in grut part is boud op de hellings fan hichten en sjocht út op it stêdssintrum en it omlizzend plattelân. Der wurdt rûsd dat Sheffield mear as twa miljoen beammen hat, mear de man as yn hokker Jeropeeske stêd dan ek; 61% fan de stêd is griene romte.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | edit source]

Jier 1801 1851 1901 1921 1941 1951 1961 1971 1981 1991 2001
Befolking 60,095 161,475 451,195 543,336 569,884 577,050 574,915 572,794 530,844 528,708 513,234
Source: A Vision of Britain through Time[1]

Sheffield fergelike[bewurkje seksje | edit source]

Sheffield fergelike mei[2][3]
Feriene Keninkryk 2001 Sheffield Súd Yorkshire Ingelân
Totale befolking 513,234 1,266,338 49,138,831
Berne om utens 6.4% 8.9% 9.2%
Wyt 91% 95% 91%
Asiatysk 4.6% 2.6% 4.6%
Swart 1.8% 0.9% 2.3%
Kristen 69% 75% 72%
Moslim 4.6% 2.5% 3.1%
Hindû 0.3% 0.2% 1.1%
Gjin religy 18% 14% 15%
Boppe 75 jier 8.0% 7.6% 7.5%
Wurkleas 4.2% 4.1% 3.3%

Berne yn Sheffield[bewurkje seksje | edit source]

Panorama fanút Meersbrook Park.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sheffield District: Total Population. A Vision of Britain Through Time, Great Britain Historical GIS Project
  2. South Yorkshire (Met County), United Kingdom Census 2001, statistics.gov.uk yn 2001
  3. Sheffield (Local Authority) United Kingdom Census 2001 neighbourhood.statistics.gov.uk 2001